Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105406

Een mop (mondeling), zondag 05 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy soe nei stêd ta. Doe sei har man tsjin har: "Noustû dochs nei stêd ta gieste, kinst my ek wol in stel ûnderguod meinimme."
De frou kocht yn 'e stêd in himd en in ûnderbroek foar har man foar in heel licht pryske.
Hja kom dêr mei thús. Doe sei de man: "Hwat joechst dêr nou foar?"
"Nou," sei se, "fiif goune foar 't himd en seis goune foar de broek." Doe sei de man: "Dû hiest my nòch sa'n spantsje meinimme matten."
"Nou," sei se, "ik gean nije wike dochs wèr hinne mei de buorfrou, dan nim ik dy noch wol in steltsje mei."
Tsjin 'e joun kaem se yn 'e winkel. En hja kocht wer in stel manljusûnderguod. Doe wie 't himd folle djûrder as 't foarige, mar de ûnderbroek wie folle guodkeaper.
Doe sei de frou tsjin 'e winkelman: "Hoe kin dat? Ik ha fleden wike hjir èk sa'n stel weihelle en doe wie 't himd lang sa djûr net en de broeken, dy binne nóu guodkeaper."
"Ja," seit de winkelman, "dat sit sjesa, frou, jouns geane de himden omheech en de ûnderbroeken nei beneden."

Beschrijving

Een vrouw nam voor haar man een stel ondergoed mee voor een zacht prijsje. De week er op kwam ze tegen de avond bij de winkel. En ze kocht weer een stel ondergoed. Maar nu was het hemd duurder en de broek goedkoper dan de week er voor. De winkelier antwoordde dat 's avonds de hemden omhoog gingen en de onderbroeken naar beneden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 augustus 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21