Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105407

Een mop (mondeling), zondag 05 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wie in âlde widdouman, dy hie twa dochters yn 'e hûs. Op in joun leinen se op bêd, doe tocht dy man: "Hwat ha de froulju dêr in wille en in drokte op bêd. Ik mat mar ris even stikum sjen hwat dêr loos is."
Hy glûpte ta 't sliepkeammerke yn dêr't de froulju leinen, en doe leinen dy beiden dêr elk mei in woartel har sels klear to meitsjen.
De âld man foun 't ôfgryslik, dat dy froulju dat dienen, mar hy woe har ek net yn 't gesicht sizze dat er 't sels ûntdekt hie. Hy tocht: "Hjir mat ik hwat op útfine."
Op in joun makke dy âld man sa'n leven yn 'e keamer, dêr't er lei, dat de froulju dy tochten: "hwat giet it der dêr oan wei mei ús heit. Wy meije wolris sjen hwat it is. Hwant hy wurdt ek al in dei âlder."
De froulju dêrhinne. En dêr siet de âld man by de tafel, mei in flesfol drank foar him en twa dikke woartels.
Doe seinen se tsjin him: "Hwat hat heit nou by de ein?"
"Nou," sei er, "ik drink mei myn oansteande skoansoannen."
Doe wisten dy froulju hwat de âld man sjoen hie.
Hja skammen har ta de teannen út.

Beschrijving

Weduwnaar zag vrijgezelle dochters masturberen met een wortel. Hij vond het verschrikkelijk, maar hij wilde hun ook niet zeggen dat hij het ontdekt had. Op een avond maakte hij zoveel lawaai dat de zusters gingen kijken wat vader deed. Vader zat met een fles drank en twee wortels aan tafel. Op de vraag wat hij aan het doen was zei hij dat hij met zijn aanstaande schoonzonen dronk. Toen begrepen de vrouwen dat hij hun gezien had. Ze schaamden zich vreselijk.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 augustus 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21