Hoofdtekst
Twa jonges hienen beide deselde stúdzje hawn oan 'e hegeskoalle. De iene koe tige bêst leare en dy rêdde 't ek op dat er dokter waerd. 't Wie boppedat èk noch in hiele kreaze fint. De oare wie mar hwat ûnsjoch, en dy hie 't lang sa fier net bringe kind.
Doe tocht dy ûnsjogge: "Ik wol ris in grap úthelje mei myn froegere maet. Hy is nou dokter woarn en nou wol ik ris nei him ta en dan wol ik it foarwende dat ik altyd sa'n pine yn 'e side ha."
Dat hy gong dêr hinne en se fûstken mei elkoar omdat se togearre op deselde skoalle gong hienen.
Doe sei de jonge dokter: "Hiest boadskip oan my miskien?"
"Ja," seit de ûnsjogge, "ik haw altyd sa'n ôfgrysliken pine yn 'e side. En nou wol 'k graech datstû my ris goed ûndersikest."
"Goed. Klaei dy mar ris even út, dan sil 'k sjen hwat de oarsaek dêrfan is", sei de jonge dokter.
Dat gebeurde en hy waerd ûndersocht.
Mar doe hat de jonge dokter yn 'e gaten krige dat de oare him foar de kroade ride woe. Dêrom sei er tsjin him: "Dû mast moarn mar even wer komme. Dan sil ik de diagnose fan it ûndersiik fêststelle."
De jonge dokter seach wol dat syn froegere maet gnyskjendewei fuortgong, dat doe hied er it hielendal wol troch dat de oare him yn 'e maling nimme woe.
Affijn, de oare deis giet de ûnsjogge jongeman wer nei him ta en dan seit er tsjin 'e jonge dokter: "En nou, hwat wie 't nou mei my dat ik sa'n pine yn 'e side hie?"
"Nou jonge," sei de dokter, "hoechst net ûngerust to wêzen, hear. It is mar gewoan in skeet. Dat foroarsaket de pine."
"Nou," seit dy fint, "kin dy skeet dêr dan net wei?"
"Och," seit de dokter, "dat is in heel min spul."
"Hwerom?" seit de oare.
"Dat komt, dyn kop en dyn kont ha in hele bult fan inoar. En nou wit dy skeet net hokker kant as er út mat."
Doe wie dy fint pûrrazen fansels.

Beschrijving
Lelijk uitziende man probeert voormalige studiegenoot die arts geworden is, in de maling te nemen door voor te wenden dat hij pijn in de zij heeft. Dokter ontdekt opzet en vertelt dat pijn veroorzaakt wordt door een scheet die niet weet welke kant uit moet omdat hoofd en achterste veel op elkaar lijken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 augustus 1973
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21