Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105410

Een mop (mondeling), zondag 05 augustus 1973

Hoofdtekst

Oan 'e túnbouskoalle wie in konsierge en dy konsierge wie ek tagelyk túnman. De jonge studinten dy namen dy âlde túnman altyd yn 'e maling as se it rêdde koenen.
Op in kear doe hienen se in protte kût fan in fisk moai opdroege. Dat like krekt op sied. Doe gongen se nei de âlde túnman ta en seinen tsjin him: "Wite jo ek hokfoar sied of dit is?"
"Nou," sei de túnman, "dat kin 'k jim sa noait sizze, hwant sok sied haw ik noch noait earder sjoen. Mar ik sil it siedzje yn 'e groun en dan sjogge wy fansels hwat der út to foarskyn komt."
Mar it wie in tûke âld baes, hy hie al lang troch dat se him foar 't soaltsje ha woenen.
Dat hy biboude in lyts hoekje groun en de studinten him alle dagen mar freegje hokfoar sied of it nou eins wie, en of it al opkaem.
Hy sei: "Jimme matte noch even wachtsje, hwant alles mat syn tiid ha."
Nei forrin fan tiid fregen se him alris wer. "Is 't sied al opkaem?"
"Ja," sei er, "kom mar mei, it is boppe de groun."
De studinten mei him yn 'e tún. En doe stienen dêr allegear bokkenkoppen, moai yn 'e rige op stokjes.
Doe't de studinten dat seagen skammen se har ta de teannen út en sy ha de âld man noait wer pleage.

Beschrijving

Studenten van tuinbouwschool probeerden vaak oude concierge, tevens tuinman, in de maling te nemen. Ze hadden eens kuit laten drogen zodat het op zaad leek. Toonden het de tuinman die niet wist wat het was, maar zou zaaien, zodat ze dan konden zien wat het was. Man had hen door. Na verloop van tijd nam hij ze mee naar de tuin waar allemaal bokkingkoppen op stokjes stonden. Jongens schaamden zich en plaagden de man nooit weer.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1054, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 augustus 1973

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21