Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105521

Een mop (mondeling), woensdag 08 augustus 1973

Hoofdtekst

In man en in frou sitte op in joun by inoar to kofjedrinken.
De man seit: "Hea, dêr komt in mûs út dat gatsje wei."
En hy wiist it oan. Mar der binne twa gatsjes en syn frou seit: "Hy komt út dàt gatsje."
"Né," seit de man, "ik ha 't goed sjoen, hy komt út dat gatsje."
Hja krigen der in hevigen earmoed om, hwant beide hâldden se har ein fêst.
Op 't lêst kriget de frou in kopke en smyt dat nei 't gatsje ta en seit: "Dêr, út dàt gatsje, dêr komt de mûs út."
De man krijt de kofjepot fan 'e tafel en smyt dy nei 't oare gatsje ta en seit: "Hy kaem út dat gatsje."
It binne allegear diggels oer 'e flier. Wylst giet de doar iepen en dêr forskine doomny en in âlderling.
"Goeijenavond," seit doomny, "maar wat is dit hier?"
De frou seit: "Doomny, wy hienen hjir in mûs, en dy kaem út dat gatsje wei, en nou seit myn man: "dat liichste, hy kaem út dat gatsje wei."
Doe sei doomny: "Dus daar was een muis."
"Ja", sei se.
Doe sei doomny: "Mar bêste minsken, jimme matte jim forstân brûke, hwant hwat jowt it nou út hokker gatsje as dy mûs komt."
"Jo ha gelyk", sei de man.
"Ja," sei de frou, "hwat kin men al in bytsje forstân ha. Mar wit jy hwat? Ik ha noch wol hwat ûnder 'e koark. Dan kinne wy it even ôfdrinke."
Dat like doomny goed ta. En dat gebeurde doe.
De doomny en de âlderling setten wer ôf en winsken har it bêste.
Doe't se goed en wol fuort wienen, sei de frou: "Hwat koe 't al healwiis, net?"
"Ja," sei de man, "it wie mar goed dat doomny kaem, hwant oars wie 't raer gong."
"Dû woest dyn ein net slûpe litte," sei se, "mar ik ha mei myn eigen egen sjoen dat dy mûs út dat gatsje kom."
En doe bigounen se wer opnij.

Onderwerp

AT 1365G* - Rats or Mink    AT 1365G* - Rats or Mink   

ATU 1365E - The Quarrelsome Couple.    ATU 1365E - The Quarrelsome Couple.   

Beschrijving

Man en vrouw maken ruzie over uit welk gat een muis komt. Houden vast aan opvatting, gooien met servies. Bezoek van dominee en ouderling. Geven dominee gelijk dat het niet uitmaakt uit welk gat de muis kwam. Maar beginnen als bezoek weg is weer opnieuw.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1055, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 augustus 1973
Rats or Mink

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21