Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105628

Een mop (mondeling), donderdag 16 augustus 1973

Hoofdtekst

Der wenne yn Grins in rike sakeman en dêr wenne ek in nachtwacht. Op in kear moest dy rike sakeman nei 't suden ta mei de trein fan 6 ûre yn 'e moarn. Hy warskôge de nachtwacht dat dy him op 'e tiid wekje soe.
De nachtwacht kom de oare moarns op 'e tiid b_ him, mar hy sei tsjin dy sakeman: "As ik jo riede mei, dan matte jo net dy trein fan 6 ûre nimme, hwant ik haw fannacht droomd dat der hjoed mei dy trein in ûngelok gebeure sil."
Dat de koopman rekke mei in lettere trein fuort.
Doe't er de jouns weromkaem, sei er tsjin 'e nachtwacht: "Jo hienen gelyk. De trein fan 6 ûre is ûntspoard en der binne in stikmennich minsken by dea rekke. Dat hjir hawwe jo in briefke fan hûndert goune fan my, omdat jo my warskôge ha - mar jo hoeve net wer to kommen."
"Hwerom net?" frege de nachtwacht.
"Omdat jo fannacht droomd ha." (in nachtwacht mei nachts net sliepe)

Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een rijke zakenman te Groningen word gewaarschuwd door de nachtwacht dat hij niet met de trein van 6 uur moet gaan omdat hij gedroomd heeft dat deze verongelukken zal. De zakenman neemt het advies aan en vertrekt met een latere trein. Het doet blijken dat de trein van 6 uur inderdaad verongelukte. Als dank krijgt de nachtwacht een biljet van 100 gulden en het bericht dat hij niet weer mag komen (de grap is dat een nachtwacht 's avonds niet mag dromen omdat hij 's nachts moet waken en niet slapen)

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1056, verhaal 28 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

Vorbedeutung anderer Ereignisse

Naam Overig in Tekst

het Zuiden    het Zuiden   

Naam Locatie in Tekst

Groningen    Groningen   

Grins    Grins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21