Hoofdtekst
Der wennen twa bruorren op in trijesprong. Dat wienen twillingen. Mar fan natuer hienen se neat fan elkoar.
De iene wie in greate liger en de oare spruts altyd de warheit. Mar fan uterlik wienen se krektengelyk.
Wol gauris kamen der guon dy't ûnderweis wienen by de bruorren om to freegjen hokker kant se út moesten dêr en dêr hinne.
As se dan de forkearde troffen gebeurde it altyd dat se de forkearde kant út gongen, hwant dy liichde alles hwat er sei. Dy wiisde altyd krekt de tsjinoerstelde kant oan.
Doe kaem der ris in man, dy wie bitûft. Hy wie mei de beide mannen op 'e hichte. Hy wist dat de iene altyd liichde en de oare de warheid spruts.
Dy man woe ek graech wite hokker kant er út moest, mar omt er de beide bruorren net út elkoar koe, wist er net hwa't er foar hie. Doe bitocht er in list. Hy sei: "Hwat soe jou broer nou sizze, as ik dêr en dêr hinne mat?"
(dan kaem er grif de goede rjochting to witen)

Beschrijving
Een tweeling (twee broers) woont bij een driesprong, kwa uiterlijk zijn ze identiek maar kwa persoonlijkheid verschillen ze als dag en nacht : de een grote leugenaar en spreekt nooit de waarheid, terwijl de ander nooit liegt. Als mensen de weg komen vragen en ze treffen de verkeerde broer, worden ze altijd de verkeerde kant opgestuurd. Een schrandere man die de weg wilt weten bedenkt een list : 'wat zou jouw broer zeggen als ik daar en daar heen zou willen ?'
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1056, verhaal 29 (archief Meertens Instituut)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21