Hoofdtekst
Op Blaufallaet wenne Jan Hellinga mei twa bruorren en twa susters. Jan syn âldste suster moest saterdeijouns noch to winkeljen, mar dêr hie se altyd hwat in hekel oan. Op in saterdeijoun, doe wie 't al aerdich let, doe sei Jan tsjin har: "Dû mast ek noch to winkeljen, fanke."
Hja sei: "Dat doar ik net allinne to dwaen, dan mastû mei. Hwant by nacht rint dêr ûnderweis altyd in frommes mei in regenkleed om."
"Gean dû mar hinne," sei Jan, "dan sil ik dy aenst wol ophelje."
"Ik krige in sichte, dêr't de fuorring noch omhinne siet, oer de nekke en ik gong op stap", sa fortelde Jan letter. "Doe't ik in ein dat út wie, doe kom dêr ien oan yn in regenkleed, dat hong oan ûnderen ta. Ik sei: Goeije. Mar dy yn 't regenkleed sei neat werom.
Ik sei wer Goeije, mar ik krige wer gjin antwurd.
Ik seach ris goed nei de forskining en doe sei 'k: 'Poaten haste.' En ik sei: 'Antwurdzje of ik slach dy de kop ôf.' Doe't ik gjin antwurd krige, sloech ik ta. Mar ik sloech der dwars troch hinne. En de forskining wie ynienen fuort."

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
De zus van Jan Hellinga gaat nooit graag op zaterdagavond boodschappen doen want ze ziet dan altijd iemand met een regenjas aan waar ze bang voor is. Jan gaat op een avond mee, gewapent met een sikkel. Hij ziet de verschijning in regenjas en groet het. Er volgt geen antwoord. Weer groet hij, wederom krijgt hij niks te horen. 'Poten heb je en als je niet antwoord, sla ik je kop eraf !' Toen Jan weer geen antwoord gaf haalde hij uit met de sikkel maar sloeg dwars door de verschijning heen. Toen was de verschijning plots weg.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1059, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen
Naam Overig in Tekst
Blaufallaet   
Blaufallaat   
Jan Hellinga   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Blauwverlaat   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21