Hoofdtekst
Der wennen in boer en syn frou yn 't noarden fan Fryslân, tichte by de sédyk. Dy lju hienen gjin bern.
Op in kear gong dy boer nei syn lân ta to ploeijen. Doe't er 't lân omploege hie seach er 't fjild ris oer en doe seach er 't op ien fan 'e ikkers glinsterjen. Hy dêr hinne en doe foun er dêr in sekfol sulverjild. Hy naem it fansels mei nei hûs ta. Hy koe 't foar 't wiif fansels net bêst forswije, dêrom fortelde er 't har. Mar hy sei it sa: "Sjoch, mast ris sjen, sa'n protte jild haw ik foun. Mar 't wie sa nuver allegear. De sé wie droech en de fisken en de fûgels wienen by my op it lân. Mar dû mast it oan net ien fortelle, hear."
Mar hy wist wol hoe't froulju wienen. Dy boer wie gochum.
Krimpende wind en uitgaande vrouwen
die kun je niet vertrouwen.
Dêrom hie dy boer dat fan de sé en de fisken en fûgels der by forsind.
Doe't hja yn 'e sinten sieten kocht it wiif dit en dat, lyk as nije glêsdoeken en al sa mear. De buorlju dy seagen dat en dy tochten: "kin dat dêr allegear sa mar?" Dat dy bigounen alris to pinfiskjen. It wiif koe har net stilhâlde en doe fortelde se dan dat har man hie in knoarre jild op it lân foun wylst de sé droech wie en alle fisken om him hinne wienen.
Al gau wisten alle minsken it, en doe kamen de plysjes.
Ik ha gjin jild, sei de boer. Myn wiif seit mar hwat; hwat dy der soms net foar nuvers útflapt, dat matte jimme net leauwe.
Mar hy moest foar 't gerjocht. It wiif mei.
Doe't hja foar de rjochtbank stienen sei 't wiif: "Ja, hear hy hat in hiele protte jild foun."
"Hja liicht it," sei de boer, "hja seit mar hwat."
"Nou net mâller," sei 't minske, "dû hast dat jild ommers foun doe't de sé droech wie en doest de fûgels en fisken om dy hinne hieste."
"Nou kinne jim dan hearre, hearen," sei de boer, "dat hja der mar hwat hinne seit."
Dat wie de rjochter mei him iens en hy waerd frij sprutsen.

Beschrijving
Een boer vindt bij het ploegen een zak met zilvergeld. Hij moet het zijn vrouw wel vertellen, maar weet ook dat ze het niet zal kunnen stilhouden. Daarom vertelt hij er bij dat hij het geld vond toen de zee droog was, de vissen en de vogels bij hem op het land waren. De vele aankopen vielen op bij de buren die na aandringen de vrouw aan de praat kregen. Uiteindelijk moeten de boer en zijn vrouw voor de rechtbank verschijnen. De bewering van zijn vrouw dat de boer het geld gevonden heeft terwijl de zee droog was en hij door vissen en vogels omringd was, werd door de rechter als onzin gezien. De boer werd vrijgesproken.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Fryslân   
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21