Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109521

Een mop (mondeling), donderdag 04 april 1974

Hoofdtekst

Der wie in man, dy wurke by de boer. Dy man waerd op in kear mei syn wiif troch de boer útnoege om dêr to jounpraten.
Doe't se dêr goed en wol wienen waerd it min waer. It bigoun to reinen en to tongerjen en to wjerljochtsjen.
De boer sei: "Jimme kinne sa noait fuort, jimme matte hjir mar bliuwe to iten."
Hwat wie nou 't gefal. It wiif fan dy arbeider koe noait sêd. As dy ienkear oan 't iten wie, wist se net fan ophâlden. Dat woe dy arbeider net foar de boer en de boerinne wite. Dêrom sei er tsjin syn wiif: "Nou mastû aenst net safolle ite, hear. Dû mast dyn fatsoen hâlde." Griet hiet se.
"Jamar," sei Griet, 'ik wit noait, hwannear't ik ophâlde mat." "Nou," sei Jan, hwant sa hiet har man, "dan sil ik dy wol even tsjin 'e foet oanstompe."
Sa praetten se dus ôf.
Doe krigen se dan rejappels. Griet loege har panne goed fol. Mar doe't se ien, twa rejappels nei binnen wurke hie, lei se de foarke del.
"Hwat nou," sei de boerinne, "hâlde jo nou al op? Jo matte noch hwat ite. Jo ha suver noch neat hawn."
Griet sei: "Ik yt net safolle", en hja liet de foarke lizze.
Hwat wie der gebeurd? Der lei in grouwe houn ûnder 'e tafel. Dy wie oerein kaem en dêrby hied er Griet op 'e foet trape. Griet tocht, dat Jan it dien hie en dêrom wie se ophâlden mei iten.
Doe't se allegear genôch rejappels hawn hienen, doe krigen se brij. Griet die aerdich hwat brij yn 't board om de skea fan niis krektsa hwat yn to heljen.
Mar hja hie noch mar in pear leppelfollen nei binnen slein, of dêr trape dy houn har al wer op 'e foet.
En it minske tocht net oars, as it wie Jan, dy't har ek nou tsjin 'e foet oan stompte. Dat hja lei de leppel del en hâldde op fan iten.
"Hwat nou, Griet," sei de boerinne, "binne jo nou al sêd? En jo hawwe ek mar sa'n bytsje rejappels hawn."
"Ja frou," sei Griet noch ris, "ik bin net sa'n greate iter, dat sei 'k nyskes al. Fan sa'n protte iten, dêr haw ik mar lêst fan."
It waer wie noch sa min dat de boer sei: "Jimme kinne der net troch. Jimme matte hjir fannacht mar bliuwe. De feint is krekt útfanhûs, jimme kinne dan moai yn syn bêd sliepe."
Dat doe kamen Jan en Griet yn it bêd fan 'e feint to lizzen. Mar Griet koe mei gjin mooglikheid yn 'e sliep komme. Hja wrotte mar om en mar om en de mage rattele har sa, dat it hâldde Jan ek út 'e sliep. It minske forgong suver fan 'e honger.
"Jan, Jan," sei se, "hwat haw ik in honger. Ik rammelje fan 'e honger." Doe sei se tsjin Jan: "Soenen de boer en de boerinne al sliepe?"
"Ja, hark mar," sei Jan, "se snoarkje der oer."
Doe gong Griet der ôf. Yn 'e spyskeamer foun se in greate panne mei beantsjebrij. Dêr iet se har goed sêd fan en doe gong se wer nei Jan ta.
"Ik hie ek wol sin oan in sleeffol", sei Jan.
"Nou," sei Griet, "dat kin gebeure", en doe gong se wer nei de spyskeamer ta om him in sleeffol to bringen.
Mar doe kaem se mei dy beantsjebrij by 't forkearde bêd. Dêr sliepten de boer en de boerinne.
De boerinne lei foar. Dy wie neaken en se lei mei 't bleate gat oer de bêdsplanke hinne.
Griet tocht net oars as dat wie de holle fan Jan, har man. Hja hâldde de sleeffol brij der by, doe blaesde de boerinne ôf.
"Hoechst net to blazen," sei Griet, "de beantsjebrij is net hyt."
Doe blaesde de boerinne nochris ôf.
Doe waerd Griet lulk en se sloech de boerinne mei de sleef tsjin 'e kont, dat alle beantsjebrij der út en oer de boerinne hinne.
Dat joech nochal hwat leven, dat Jan sei: "Hwat dochst nou?"
"Och heden," sei Griet, "nou is 't net bêst. Nou ha 'k by 't âld-minske har bêd west ynpleats fan by uzes. En nou ha 'k de sleef mei beantsjebrij har oer de lea kletst."
Jan sei: "Dit is net bêst, nou meije wy wol meitsje dat wy fuort komme."
Dat doe rekken se hals oer de kop ta 't hûs út. Mar doe koe Griet yn der haest de doar net ticht krije en doe naem se de hiele doar mar op 'e rêch. Sa kamen se yn in bosk. Doe't se dêr wienen, seagen se trije rovers oankommen. Doe tochten se: Nou binne wy net feilich en doe klommen se yn in beam. Griet naem de doar mei yn 'e beam. Hja wienen bang foar de rovers.
Doe gongen dy rovers krekt ûnder dy beam sitten, om it jild nei to tellen, dat se roofd hienen.
Doe't Jan en Griet sa al in skoftsje yn 'e beam sitten hienen, sei Griet: "Och heden Jan, nou mat ik ek noch pisje."
"Och hea, leave," sei Jan, "dat mast ynhâlde, oars binne wy forlern."
Mar Griet koe 't net ynhâlde en dêr gong 't hinne.
Doe seinen de rovers: "Daar valt hemels water."
In skoftsje letter sei Griet tsjin Jan: "Och heden, nou mat ik ek noch skite."
"Griet," sei Jan, "doch it net, hwant as se dat fornimme, meitsje se ús dea."
Mar Griet moest sa noadich, dat hja liet it falle.
Doe seinen de rovers: "Daar valt hemelse mosterd."
Wer in skoftsje letter sei Griet: "Och heden Jan, nou kin 'k de doar ek noait mear hâlde."
Jan sei: "Dû mast him net falle litte, hâld him beet, oars binne wy forlern."
Mar Griet liet de doar donderje. Doe waerden de rovers tige kjel. Se seinen: "Och heden, nu valt de hele hemel naar beneden."
Hja smearden him sa hurd se mar koenen en lieten it jild lizze.
Doe gongen Jan en Griet gau nei ûnderen ta en pakten it jild.
Sjongendewei setten se doe op hûs yn. Griet song har heechste liet.
Doe kommen de trije rovers har tsjin. Dy seinen tsjin Griet: "Hwat kinne jo moai sjonge. Kinne jo dat ús ek leare?"
"Jawiswol", sei Griet, en doe krige se de skjirre en doe knipte hja se alle trije in stik fan 'e tonge ôf.
Doe seinen se fan bbllbbllbbll. Doe koenen hja ek sjonge. Mar it hie mear wei fan jodeljen.

Beschrijving

Man zal zijn vrouw op de voet trappen als ze bij op bezoek te veel gaat eten. De hond staat al snel na het begin op haar voet, waardoor ze stopt met eten. 's Nachts vindt de vrouw pap. Nadat de vrouw met de lepel een klap op het naakte achterwerk van de boerin heeft gegeven, gaan ze er vandoor.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 21 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

4 april 1974

Naam Overig in Tekst

Griet    Griet   

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21