Hoofdtekst
Oan 'e Godloas Singel lei in boat oer de kop oan 'e kant yn 'e berm. Der wie in man, dy moest dêr faek lâns mei in protte jild by him.
Op in nacht kaem er dêr wer lâns.
Der wienen twa man dy rounen him tomjitte, dy woenen him fan it jild birove.
Doe't dy man de twa yn 'e fierte gewaer woarde tocht er: "Hwa wit hwat dy yn 't sin ha. It wisse foar it ûnwisse, ik krûp hjir ûnder 'e boat."
En hwat gebeurde der doe? De beiden gongen op dy omkearde boat sitten, dêr't de man ûnder lei. Doe koed er alles hearre hwat se seinen.
Hja seinen: "Hwat is dy forrekte âlde bliksem let!"
Hy hearde 't hiele gesprek. "Soe er miskien in oare kant om gong wêze?" sei de iene. "Dat die er noait," sei de oare, "hy kaem altyd de Singel del."
Op 't lêst gongen de beiden fuort.
Doe kaem dy man ûnder 'e boat wei. Hy wist hwa't dy beiden wienen.
De oare deis sei er tsjin har: "Dy forrekte âlde bliksem kaem fannacht mar noait, hè? Mar hy wie tichterby as jimme tochten."

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Man met veel geld bij zich kruipt als hij twee mannen ziet aan komen, onder een omgekeerde boot. De mannen gaan op de boot zitten, waardoor de man kan horen dat ze hem opwachten om te beroven. Uiteindelijk gaan ze weg. De volgende dag zegt hij tegen ze dat ze vergeefs op hem hebben zitten wachten, maar dat hij dichterbij was dan zij dachten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1098, verhaal 41 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
9 april 1974
De man onder de omgekeerde boot
Naam Locatie in Tekst
Godloas Singel   
Goddeloze Singel   
Singel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21