Hoofdtekst
Dit spile him in dikke fyftich jier lyn ôf. Burgemaster Húsman fan Drylts wie tige op hurdriden tsjin en woe dêrom gjin tastemming jaen foar it hâlden fan in riderij. Mannich Drylzer wie it hjir net mei iens. Der ûntstie in oploopke by “de beurs” it plak by de brêge, hwer de saken fan tsjerke en steat bepraten waerden.
Burgemaster wie gau biret. Plysje Hiemstra krige fan him in hulp-plysje: Anne de Jong. De man wurke troch den dei op 'e pikpôlle. En de burgemaster blies mar heech fan de toer en sei: “Ik geef mijn politie-dienaren het recht om er met de sabel in te slaan.” En doe, yn ’t Frysk forfallende, der efteroan: “Donderje der mar yn, foar den bliksum!”
Mar de mannen joegen net sa gau krimp. Klaes Dykstra hie de hulp-plysje by de baerd beet en skodde him sa hinne en wer.
Lokkich wie it gebear it measte. De sabel waerd net lûkt en de hele opskuor sakke wer del.

Beschrijving
Verzet tegen weigering van burgemeester om hardrijderij te houden.
Bron
Collectie Wouda, verslag 6, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hûsman   
Drylzer   
IJlster   
Hiemstra   
Anne de Jong   
Frysk   
Klaes Dykstra   
Naam Locatie in Tekst
Drylts   
IJlst   
Plaats van Handelen
IJlst   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21