Hoofdtekst
DJ: maar het is wel een duidelijk verhaal
FK: ja, mar it moat wol gebeurd wêze. It waard’froeger wol tsjin je sein, dat eh, sil’k mar sizze, tink mar oan dyselde dy’t gjin beantsjes mocht’, hin. As je no it ien of oar skimmelich, by de boer skimmele bôle krigen as skimmelige brogge, dêr’t je net folle sin oan hiene. Ja, tink mar es oan dy feint, dy’t gjin beantsjes mocht, sjo’
DJ: net slikje kinne
FK: ja krekt
DJ: mar jo fertelle it oars. Ik kin’t sa ek net, zoals zij het vertelt ken ik ‘t niet. Gewoonlijk hoor je het zo
FK: ja, by ús pake, hin, pake Harm, dy wenne, dy wiene boer, boeresoan, mar der wiene fjouwer grutte jonges yn ‘e hûs, wie ús heit syn folk dan en wennen hjir op Smelle Ie. Mar doe kôm pake te tsjinjen, Harm ek, by in grutte boer en dêr kôm in lytsfeint, dat is no werklik gebeurd, eh. Dêr kôm in lytsfeint te wenjen út Beets. De minsken koene der eins gjin iten krije. Yn Beets wie it wie slim en dêr kôm. Doe sei dy heit: no hat dy jonge wol slim wat, want hy kin gjin fet ha. As jo him mar in bytsje ynskeppe, kin niks skille wat, mar gjin fet. Dat gong ien, twa, trije dagen, dat dat jonkje gjin fet krige, mar doe skept se him al yn en doe sei, sei er: ik kin gjin fet ha, ik mei gjin ha. En dêr gong dy boer der sa út, hin. Mar ja, do komst yn it earmhûs en do moast fan de earmfâlden frette, en sa, doe sei pake Harm, dat wie in wetich man, dy sei: nee, nee, eh, wy lape wol wat en wy liene wat en sa en dan komme wy der wol troch, mar grutte eigen boeren, dy komme yn it earmhûs. En doe’t pake en beppe hjir yn Drachten wennen, wie der yn’t earmhûs, hin. En dan kômen se wol by beppe en dy om dy. Hy koe pake Harm, hin, dus wat komme kin, hin (DJ: wis) En pake hie’t ek, ha’k doomny ek alris ferteld, hin, dus doe’t er nei beppe ta gong, dat wie yn Oerterep, hin, beppe wenne yn Oerterp, moest pake hinne, hin. Dat wie fan de Wielen ôf, moest er rinne nei Oerterp, hin. As je sa in frou ha moatte, hin, marre, doe seine se: Harm, moast noait hinne gean, want dêr spûket it. By dat djippe gat is mennich yn ferdronken, dêr spûket it. Dêr falst do fan’e planke en yn it wetter en dan ferdrinke. No pake wie net sa gau bang. Dêr gong. Hie in dikke stok, sa lang, ûnder de jas. Kôm by de planke. Ja, it wie de earste kear, dat er dêr hinne gong, dat se dêr wenne en, dêr kôm er op ‘e planke en dêr siet al in spûk, in bytsje op ‘e planke. Pake koe der oars net komme, hy moest der oer. En hy stapt der op en yntusken gong dat spûk in bytsje oan kant en ja, doe tocht er: no sjoch ik it wol en hy kôm oer de planke en dat wie fuort klap op en it spûk rûn fuort en hy rôp: Harm, ik bin it, Harm, ik bin it. Ja, ik bedoelde ek, sei pake. (JV lacht) Mar hat noait wer lêst hân fan in spûk dêre.
JV: ja, dat hebt u ook geschreven, ja
DJ: dat ken ik wel, deze
(29.00 min.)

Onderwerp
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   
Beschrijving
Opa is eens een spook tegengekomen, maar toen hij het spook wilde afranselen met een knuppel, maakt het 'spook' zich snel bekend.
Bron
Bandopname Voskuil
Commentaar
Afschrift: Romkje Bosma.
Naam Overig in Tekst
Harm   
Naam Locatie in Tekst
Smelle Ie   
Beets   
Drachten   
Oerterp   
Plaats van Handelen
Smelle Ie (Friesland)   