Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

Geeske_02_09

Een sprookje (mondeling), maandag 26 augustus 1968

Leonardo_Diffusion_XL_A_realistic_color_photo_of_a_pig_being_c_2.jpg

Hoofdtekst

(40.44 – 40.52 min. stilte)
DJ: o ja, o ja, het vrouwtje dat een varken koopt dat niet wil lopen. (DK: ja ja) En dan de hond vraagt om het varken te bijten. (FK: wat?) O, der wie in âld wyfke en dat fûn in houten duit en dêr kocht se in baarch foar en de baarch woe net rinne.
JV: o, zullen we daar mee eindigen? Als laatste?
FK: ja, dat kinst do ek wol
DK: nee, docht mem it mar. Mem mar even
FK: der wie in âld wyfke. Fege it hûs oan. Fûn se in houten hoatsen. Gong se mei nei de merke ta, kocht se in âlde baarch, mar dy baarch woe net nei hûs ta. Dêr seach se de hûn. Hûn wolst de baarch ek bite, want de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage.
Nee, de hûn woe net. En doe de, de stok. Stok wolst de hûn ek slaan, want de hûn wol de baarch net bite en de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage. Nee,stok woe net slaan. Dêr seach se it fjoer.
Fjoer wolst ek kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, hûn wol net baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage.
Nee. Dêr seach se it wetter. Wetter wolst ek fjoer útdôvje? Fjoer wol gjin kneppel eh, fjoer wol gjin kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, hûn wol gjin baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage. Nee, sei it wetter. Dêr seach se de okse.
Okse wolst ek wetter sline, wetter wol gjin fjoer útdôvje, fjoer wol gjin kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, hûn wol gjin baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage. Nee.
Dêr seach se it tou. Tou wolst do ek okse bine, okse wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjoer útdôvje, fjoer wol gjin kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, hûn wol gjin baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage. Nee.
Dêr seach se de mûs. De mûs leau’k, hè? De mûs wolst do it tou ek kjefselje
want it tou wol gjin okse bine, okse wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjoer útdôvje, fjoer wol gjin kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, hûn wol gjin baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage.
Mar dêr seach se de kat. Kat wolst do de mûs ek fange, want de mûs dy wol net, ja, gjin tou kjefselje
En ek tou wol gjin okse bine, okse wol gjin wetter sline, wetter wol gjin fjoer útdôvje, fjoer wol gjin kneppel brâne, kneppel wol gjin hûn slaan, de hûn wol gjin baarch bite, de baarch wol net nei hûs of ik moat him drage.
Ja, sei de kat. De kat achter de mûs, de mûs achter it tou, tou achter de okse, okse achter it wetter, ’t wetter achter ’t fjoer en it fjoer achter de kneppel, kneppel achter de hûn, de hûn achter de baarch, buorre, buorre, buorre, doe’t it âld wyfke thús kaam lei de baarch yn de skuorre.
(allen lachen)
(43.42 min.)

Onderwerp

AT 2030 - The Old Woman and her Pig    AT 2030 - The Old Woman and her Pig   

ATU 2030 - The Old Woman and her Pig.    ATU 2030 - The Old Woman and her Pig.   

Beschrijving

Een oud vrouwtje vindt een houten muntje en koopt er een varkentje voor. Het varkentje wil niet naar huis toe lopen, dus vraagt ze de hond om het varken te bijten. Zo volgt er een hele serie opdrachten aan dieren en voorwerpen, totdat de kat bereid is de muis te vangen etc etc. En zo loopt het varken toch zelf de schuur in.

Bron

CD M.0531.2 (gedigitaliseerde bandopname van J.J. Voskuil)

Commentaar

Afschrift gemaakt door Romkje Bosma.