Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ110112

Een sage (mondeling), woensdag 10 april 1974

Hoofdtekst

In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten.
Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har.
Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea.
Myn heit hat bitsjoend west. Der kaem altyd in swarte kat by ús. Heit waerd siik. Doe wie der in minske, dy warskôge ús mem. "Jo matte de kessens ris neisjen", sei se.
Doe hat ús mem twa en in heale krâns út 'e kessens helle.
Doe sei 't minske: "Wytse is bitsjoend."
De oare moarns kaem de swarte kat wer.
Alde Durkje siet de kat achternei en hat him fuortjage. Doe hat dy kat der net wer west en heit is wer better woarn.
(Durkje hat witen hwa't de tsjoenster wie. Hja hat ús holpen, mar woe de namme fan 'e tsjoenster net neame.)

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een heks verandert zichzelf vaak in een zwarte kat. De heks moet om de zeven jaar iemand dood toveren om er zelf niet aan te gaan. Heksen vergaderen vaak in de gedaante van katten. Een bepaalde heks betovert vaak mensen: heksenkransen prijken dan in de kussens. Als er drie volledige kransen in het kussen zitten, sterft de betoverde. Een zwarte kat valt steeds een zieke man lastig. De man blijkt al tweeënhalve krans in zijn kussen te hebben. De kat - de heks - wordt snel verjaagd en de man geneest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1101, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

10 april 1974
Alde Tet komt veel vaker voor als Alle Tet (Tietje Zwerver,
1829-1902).
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Bulten    Bulten   

Alde [Alle] Tet    Alde [Alle] Tet   

Alde Durkje    Alde Durkje   

Durkje    Durkje   

Naam Locatie in Tekst

Tet    Tet   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21