Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA08 - De koaning en de husaer

Een sprookje (tijdschriftartikel), 1951 - 1954

Hoofdtekst

De koaning en de husaer
Earne stie in kroechje, dêr gong it der altyd alderheislikst oan wei. Flokke en tjirgje en fjochtsje en slaen, it wie in griis! De koaning fan Hannover, dy krige dêr weet fan. Hy tochte, dêr moat mar ris in ein oan komme, ik sil der hinne. Mar doe die er gewoane boargerklean oan, dat net ien koe sjen dat hy de koaning wie. Hy joech him stil yn in hoekje del. Mar hy joech syn eagen goed de kost. En doe seach er, dat der wie ien persoan, dat wie in jonge husaer, dy weve dêr mei de boel ôf. Hy reage de hiele jachtweide leech. Jonge, tocht de koaning, dû bist in baes keardel. Der koe út dy wol hwat goeds groeije.
De oar deis liet er de jonge husaer by him op it bero komme. De soldaet hie it dêr net rjocht op stean. Hy wie lang net skjin op 't baitsje en binammen de foarige deis mei dy fjochterij wie er syn boekje gâns to bûten gien. As dat de koaning oerbriefke wie, wiisde it mei him net to bêst.
Dêr stie er op 't matsje. De koaning woe graech krekt wite, hoe't it mei de fjochterij om en ta gong wie en hoe 't er dat folkje dêr der útreage hie. Doe't de soldaet him alles útlein hie, joech de koaning him 14 dagen forlof en in hynder, dêr't er op nei hûs ta ride koe.
De husaer sprong fuort op it hynder en ried ta de poarte út. Mar de koaning wist, hwer't er lâns moast. Hy gong hinne, hy forklaeide him hastich en luts in âld sutrich jagerspak oan. Doe liet er him lâns in omwei fluch op in sté bringe, dêr 't ús husaer lâns moast.
It duorre net mâlle lang of dêr kaem de husaer al oandrafkjen. De koaning hâldde him oan en frege oft er mei ride mocht. De husaer wie in meilijich man. Dat âlde mantsje koe er dêr net bêst stean litte.
"Gean mar efter my sitten," sei er.
Sa rieden se twarisom in hiel ein. Njonkenlytsen waerd it skymrich. De koaning sei: "Hienen wy mar in ûnderdak foar de nacht." Hja rieden noch in eintsje fierder, doe wie 't al moai tsjuster. Dêr waerd de husaer in ljochtsje gewaer.
Hja kloppen oan en in jongfaem kaem to foarskyn.
"Kinne wy hjir oernachtsje?"
"Né, hwant jimme binne hjir yn in rovershoale."
"En dû dan?"
"Hja hawwe my rôve, ik kin hjir net wer wei komme."
"Hoe machtich binne se?"
"Seisrisom. Aenstens komme der trije thús en nei in úre wer trije. Hja litte harren sakje troch in lûk, dat hjir boppe is."
De koaning seach syn jonge maet ris oan. "Hwat seiste?"
"Wy weagje 't," andere dy, ik rêd wol mei de rovers. De faem hat sein, hja komme troch in lûk yn 'e hoale. As jo my aenst goed byliochtsje, meitsje ik dy smychten wol lytsman."
Hja folgen de faem.
In skoftsje letter, dêr hearden se geroft boppe de holle. De husaer sei tsjin de koaning: "Nou goed byljochtsje, tink der om."
De koaning hâldde de lantearne deunby. De husaer houde de beide earsten de holle ôf. Mar doe't de tredde rover nei ûnderen kaem, hâldde de koaning de lantearne hwat fansiden. Hy woe ris sjen, of de soldaet der dan ek wol mei rêdde koe. Mar nou gong it sa glêd net. Nou hie de husaer der wurk fan syn mantsfe dea to krijen. Hy sei tsjin de koaning: "Ast' nou aenst net better op past, slaen ik dy de kop der ek ôf."
Mar de koaning woe 't nou wol leauwe. Mei de trije lêsten ljochte er goed by en sadwaende koe er syn holle bihâlde. Dy nachts joegen se har rêstich del.
De oare moarns fandele de husaer alle jild, dat er yn 'e hoale fine koe, by elkoar en biboun dat yn in ponge. Doe rieden hja mei har trijen fuort. De koaning hie wol murken, dat de soldaet smucht hie op 'e jongfaem.
Underweis waeide de soldaet de hoed ôf. Hy sei tsjin 'e koaning: "Pastû salang op 'e jongfaem en op it hynder? Dan helje ik wylst de hoed op."
Mar hwat hie nou de koaning to dwaen. Dat gong rjochtsomkeard út in fjouwerjen mei it hynder en de faem en de jildponge op it paleis yn.
Hy lit de husaer allinne efter. Dy seach rare prot en sei by himsels: "Hie 'k dy âlde smycht de holle mar ôfkapt, nou bin'k alles kwyt."
Hy roun troch nei hûs ta en tochte: "As ik werom kom, sil 'k wol in fikse skrobbearing krije, hwant nou is it hynder fuort; nou kin'k noait sa gau wer to plak wêze."
De husaer bleau in wike langer fuort as dat er forlof hie.
Der wie in herberge, dêr stieken de soldaten altyd oan. Dat wist de koaning. Hy forwachte dêr de husaer ek. Hy liet dêr in generaelsunifoarm hinnebringe en in moaije skimmel. Mei de kastlein praette er ôf, as dy en dy husaer hjir oernachtsje dan moast er him goed hwat brandewyn jaen en as er ien kear sliepte, syn husareklean út 'e keamer weinimme en it generaelspak dêr foar yn 't plak lizze. De oare moarns moast de kastelein him nei de skimmel bringe.
De kastlein folge de koaning syn ynstruksjes goed op. De soldaet krige ryklik brandewyn, kaem op bêd to lizzen en doe 't er de oare moarns wekker waerd, lei der ynsté fan syn husareklean in gloednije generaelsunifoarm oer 'e stoel. Nou moatte jimme net tinke, dat ús husaer der moediger op waerd, doe 't er dat pak dêr lizzen seach. Hy tochte net oars of de generael wie dêr al om him to heljen en mei him ôf to rekkenjen. Mar ja, syn eigen klean wienen wei oft se weifage wienen, dat der stie him neat oars to dwaen as it generaelspakje dan yn 'e goedichheit mar oan to lûken. Sa forskynde er yn 'e jachtweide en eltsenien saluearde foar him. Krekt as wie er in greate mynhear. Hy tocht net oars, of hy soe earst wol fiks op syn baitsje krije. Mar it waerd noch singelierder. Doe 't er fuort soe, brocht de kastlein him by de skimmel. Dat wie in seldsum eal bist en dêrmei ried er de stêd troch.
Alle stêdlju lichten de hoed foar him. Mar de husaer fielde him lang net noflik yn syn generaelsrol.
De koaning hie twa man foar it paleis delset om op him to passen. Dy moasten him oanhâlde en foar de koaning op it bero bringe. En sa barde it. Hja grypten de generael en in skoftsje letter stie er foar de koaning.
De koaning frege him, hoe't er sa lang weibliuwe koe. Doe forhelle de husaer him alles hwat er bilibbe hie, fan a oant z. En doe't hy der oan ta wie, dat de âlde man him sa forrifele hie en mei alles útpike wie, sei er: "Hie ik dy âld smycht mar in holle lytser makke."
De koaning glimke en frege: "Ast' him wer seachste soest' him dan noch wol kenne?"
"Sunder mis," wie 't biskie fan 'e husaer.
Doe gong de koaning nei de keamer dêr njonken, dêr 't er fluch it âlde jagerspak oanloek. Sa forskynde er wer by de husaer.
Mar net sadré seach de soldaet hwa 't it wie of hy fleach op him ta en rôp: "Nou silst stjerre!" De koaning lykwols hie soks forwachte en seach gau om in hinnekommen. Hy skoattele de doar efter him. Hastich luts er de koaningsklean wer oan en efkes letter stie er fannijs yn 't bero.
Hy frege de soldaet: "Dû hieste bistek by dy jongfaem ût 'e rovershoale, net?"
De husaer knikte.
De koaning skoude in doar iepen en dêr stie hja yn kostlik moai habyt.
"Hjoed," sa forfette de koaning, "sil ik jimme beide trouwe. Hjir is it jild út 'e rovershoale en tonei bistû myn earste generael."

Onderwerp

AT 0952 - The King and the Soldier    AT 0952 - The King and the Soldier   

ATU 0952 - The King and the Soldier.    ATU 0952 - The King and the Soldier.   

Beschrijving

Een koning vertoeft incognito in een kroeg en ziet hoe een huzaar korte metten maakt met vechtersbazen. De koning ziet toekomst in de huzaar en besluit hem op de proef te stellen. Hij geeft de huzaar een paard en verleent hem verlof. Vervolgens vermomt de koning zich als een jager en ontmoet de huzaar weer in het bos. Samen zoeken ze onderdak en komen in een rovershol terecht, waar een vrouw gevangen wordt gehouden. Als de rovers met hun buit één voor één via een luik het huis binnenkomen, slaat de huzaar ze telkens het hoofd af. De jager en de huzaar vertrekken samen met de vrouw weer te paard. Als de huzaar onderweg zijn afgewaaide hoed gaat halen, maakt de jager zich met de vrouw uit de voeten. De huzaar moet in een herberg overnachten, maar de koning zorgt ervoor dat zijn uniform wordt verwisseld voor dat van een generaal, en dat er de volgende dag een mooie schimmel voor hem klaarstaat. Zonder te begrijpen wat hem overkomt, gaat de huzaar zich bij de koning melden en legt uit wat er gebeurd is. De koning verkleedt zich nogmaals in zijn jagerspak: eerst herkent de huzaar de koning niet, maar even later krijgt hij uitleg. Hij is werkelijk wegens zijn verdiensten bevorderd tot generaal. De koning zegent ook het huwelijk tussen de generaal en de bevrijde vrouw in.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954), p.188-189

Motief

K1812.1 - Incognito king helped by humble man.    K1812.1 - Incognito king helped by humble man.   

N884.1 - Robber helps king.    N884.1 - Robber helps king.   

Commentaar

ca. 1953
The King and the Soldier & AT 0956 Robbers' Heads Cut off One by One as they Enter House

Naam Locatie in Tekst

Hannover    Hannover   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20