Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE023 - De trije warskôgings foar de dea

Een sprookje (boek), maandag 12 december 1977

Hoofdtekst

De trije warskôgings foar de dea
Der hat ris in man west, in boere-arbeider, dy stie yn 'e folle krêft fan it libben, in jier of fjirtich, dêr sil er sawat sitten ha. Hy en de frou hienen it der sa wol ris oer, dat in minske hjir op ierde gjin bliuwend plak hat. Hy plichte dan te sizzen: 'Wy moatte hjir ienkear wei, mar it alderslimste liket it my ta, as men hjir totaal ûnferwacht weinommen wurdt. Party minsken tinke der oars oer, en ik wit wol, in lange sykte is ek net alles, mar jonge, om samar midden út jins wurk en by jins húshâlding wei te moatten, sûnder dat men jins saken earst op oarder bringe kin, dat liket my wat ferskrikliks ta'.
Dy man mimere dêr wat oer, en doe op in jûntiid wit hoe let, wylst er noch wat bûtendoar omgrúske, kaam der in swarte gedaante oanslûpen en dy sei: 'Ik bin de Dea'. De man waard sa wyt as kryt, sa'n skrik krige er. 'Eins binne alle minsken mines', ferfette de Dea. 'No soe it jo ferskriklik talykje, as ik jo sa mar ynienen meinaam, mar dat is myn bedoeling net. Ik nim jo al in kear mei, mar ik sil jo foar de tiid warskôgje. Jo krije trije warskôgings; dan kinne jo yn elk gefal net sizze, dat ik jo oer 't mad kom'. Doe joech de Dea him wer ôf.
De man tocht der ris oer nei. Hy koe him net rjocht foarstelle, wat dit ynhâlde. Hy doarst der ek net oer prate, net iens tsjin syn frou. Dat hy die syn dingen lyk as oars ek en gong alhiel op yn it libben fan al den dei. Fierder foel der neat foar.
Mar in jier of tsien letter kaam dyselde gestalte op in jûn yn 'e hjerst der wer oanslûpen. 'Ja', sei er, 'no wurdt it jo tiid, ik nim jo mei!' 'Ja, nee', antwurde de man, 'sa kin dat net. Jo ha doe dúdlik sein, jo soenen my warskôgje en dat ha jo noait dien; dat jo hâlde jo net oan jo wurd'. De Dea sei allinne mar: 'Ik ha jo trije kear warskôge yn dizze tsien jier'. 'Dêr wit ik neat fan', sei de man, 'dat is sa net - ik ha jo noait wer troffen!' De Dea sei: 'Wol wier. In jier of trije ferlyn - wat mannichste wit ik net krekt mear - wienen jo oan 't goatehimmeljen. Jo stienen op 'e heechste trime fan 'e ljedder, dêr kaam in pûst wyn en jo rekken mei de ljedder om. Jo kamen noch aardich del en der mankearde jo neat. Witte jo dat noch?' 'Ja', sei de man, 'dat wit ik noch wol, it is bêst gongen'. 'It hie oars beteare kinnen', sei de Dea, 'dat wie de earste warskôging'. 'Dêr ha 'k noait by stilstien'.
De Dea gong fierder: 'Witte jo noch, dat jo op in winterjûn wit hoe let by jo boer wei kamen? Jo soenen skean it lân troch en doe belânen jo yn in einebit'. 'Oft ik dat noch wit!' sei de man. 'Heden minsken, wat wie ik fan 'e wize. Ik mar raze, want ik koe der út mysels net út komme. Mar lang om let loek it mysels doch by 't iis op en ik ha 't rêden. Ik wie mear dea as libben'. 'Krekt', sei de Dea, 'it hat jo nei stien. Dat wie de twadde warskôging'. 'Dêr ha 'k noait by stilstien'.
'Witte jo miskien noch', frege de Dea fierder, 'dat jo mei de fyts de dyk oer stieken en dêr kaam in auto oan snoarjen. De remmem kreaken. It wie knikkert op 'e kant, of hy hie jo ûnder jage'. 'Dat wit ik', sei de man, 'en it wie myn skuld ek noch, want ik seach net út. It hie ek oars beteare kinne'. 'Ja', sei de Dea, 'in bult tiden beteart it oars, mar doe haw ik jo noch sparre. Dat wie de tredde en lêste warskôging. En no moat ik jo hawwe'. Doe joech de Dea him ôf.
De man tocht der wer oer nei en hy sei tsjin himsels, ja, de Dea hat gelyk, it wienen warskôgings. As er no dalik komt, jou ik my der ûnder del. Sa't it komt, is it goed. En in dei twa letter is er stoarn.


Onderwerp

AT 0335 - Death's messengers    AT 0335 - Death's messengers   

ATU 0335 - Death’s Messengers.    ATU 0335 - Death’s Messengers.   

Beschrijving

Een man en zijn vrouw hebben het er over hoe verschrikkelijk het zou zijn om zomaar zonder aankondiging te sterven. Als de man op een keer buiten loopt, komt hij de Dood tegen. Deze zegt tegen de man dat hij drie waarschuwingen krijgt alvorens hij door hem wordt meegenomen. De man begrijpt het allemaal niet zo en zegt niets tegen zijn vrouw. Tien jaar later verschijnt de Dood en zegt tegen de man: 'Ik neem je mee'. De man sputtert tegen, want hij zou gewaarschuwd worden. En dat was volgens hem niet gebeurd. De Dood noemt drie gevallen op waarbij de man zijn leven had kunnen verliezen. De man was een keer van de ladder gevallen, maar hij mankeerde toen niets. Op een winteravond raakte hij in een wak, ook dat liep goed af. Het laatste geval was een auto-ongeluk, dat de man overleefde. De man denkt na en geeft de Dood gelijk: het waren inderdaad drie waarschuwingen. En dan is zijn tijd gekomen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 44

Commentaar

12 december 1977
Death's Messengers

Naam Locatie in Tekst

de Dood    de Dood   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20