Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE024 - De jonge dy't yn in geit feroare

Een sprookje (boek), donderdag 22 december 1977

Hoofdtekst

De jonge dy't yn in geit feroare
Der wie ris in hûshâlding, dêr hâlden se in pear geiten en de frou joech de geitemolke oan 'e bern. Dêr wie ek in lytse jonge by, dy hie in tsjinnichheid yn dy molke en op in kear sei er: 'Ik wol gjin geitemolke drinke'. Mar doe hie er it net ret. Syn mem sei: 'Wy binne grut woarn mei geitemolke en dêr silsto ek grut mei wurde!' En doe die it bliken, dat minske koe tsjoene, sûnder dat se it sels wiste: op slach feroare de lytse man yn in jong geitsje!
De mem besaude. Dit hie se net wollen. Mar hoe't se ek besocht om har jonkje te ûnttsjoenen, it slagge net, want se wist net, hoe't se it ha moast. Har rie te'nein brocht se him by in âld geit. Aldergeloks naam de geit him oan en hy rekke oan 't jaar. No mocht er wol molke.
It geitsje wûn oan, it waard in sûne, tierige jonge bok. It minske seach it oan. Se hie altyd noch de hope, dat it bokje wer in jonge wurde soe, mar de jierren gongen foarby en der barde neat. Dêr hie se in bulte hersear fan, en se joech harsels de skuld. Fan fertriet kwynde se wei en op 't lêst stoar se. Doe bleau dy bok dêr allinnich oer. Heit wie der net mear en de oare bern hienen om fierrens in tsjinst fûn. No wenne dêr tichteby in jongfaam, dy begrutte dat om it stomme dier en se ûntferme har der oer. Se joech him drinken en foer en omdat se it in leaf bist fûn - neat net rimpen lyk as oare bokken - begûn se him wakker oan te heljen. En op in kear dat se him stiif oankrûpte, waard er wer in jongfeint. Doe krige se noch mear niget oan him, en hy oan har, en doe binne se man en wiif wurden.

Beschrijving

Een moeder wil dat haar zoon geitemelk drinkt. De jongen wil dat niet en verandert dan in een geitje. Het lukt de moeder niet haar zoon terug te krijgen. Ze brengt hem naar een oude geit toe die hem onder zijn hoede neemt. Het jonge geitje wordt een bok. Er gaan jaren voorbij, maar de bok verandert niet in de jongen. De moeder kan dat niet verdragen, ze kwijnt weg door verdriet en overlijdt. Dan ontfermt een jong meisje zich over de bok. Op een keer als zij stijf tegen hem aankruipt, verandert het beest in de jongen. Beiden zijn toen getrouwd.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 46

Commentaar

22 december 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20