Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001206

Een mop (mondeling), woensdag 26 januari 1966

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy pielde wol gauris mei in wûnderdokter, ot er skeel hie. En hy foun der altyd baet by. Syn twa feinten tochten: wy matte dêr ek ris hinne en dan sille wy him ris moai to grazen nimme. Doe heinde de iene it wetter fan in merry op en dat dienen se yn in flese. De oare gong nei 't bêdsté fan 'e faem, dêr't de pot op 't bêdsbuordtsje stie. Dêr geat dy in flesse fan fol. Mei de beide flessen gongen se op stap nei de wûnderdokter ta.
Doe't de dokter it wetter út beide flessen bisjoen hie, liet er de feinten in hiel skoft wachtsje.
Op it lest kom er mei in greate doaze en in lyts doaske oansetten. En hy sei: Sjoch dy greate doaze is foar de greatste. Dêr sit guod yn, dêr mat er folle mear fan ha, mar hjir is alfêst in bigjin. Yn it lytse doaske sit guod foar de bihyndichtse fan 'e beiden. Dy mat dêr ek mear guod fan ha, mar dat hat noch wol hwat tiid. Doe liet er de beide feinten bitelje en de feinten setten sa ôf. Underweis makken se de doazen iepen. Yn 'e greate doaze siet hjouwer. Yn it lytse doaske siet poppeguod: in mûtske en in slabke. (De faem wie yn forwachting, dat hied er goed sjoen; mar it duorre nochal in skoftsje, foardat se in poppe krige)

Beschrijving

Mannen proberen een wonderdokter in de maling te nemen door met een fles urine van een paard en een fles urine van een vrouw te komen. De dokter geeft een grote doos aan de grootste, zeggend dat het maar een begin is en dat er meer nodig is. De kleinste krijgt een kleine doos, waarbij de dokter zegt dat er meer nodig is, maar dat dat nog kan wachten. De knechten maken de dozen onderweg open, in de grote doos zit haver, in de kleine een slab en een mutsje. De wonderdokter heeft goed gezien dat de meid zwanger is, maar nog maanden te gaan heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 12, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

26 januari 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21