Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE199 - De lânmûs en de hûsmûs

Een sprookje (boek), maandag 05 juni 1972

Hoofdtekst

De lânmûs en de hûsmûs
In lânmûs en in hûsmûs kamen inoar tsjin. Se makken in praatsje, se krigen wol wat aardichheid oan elkoar en doe noege de lânmûs de hûsmûs út om mei te gean nei syn hoale of nestje. Hy koe der de jûns ek wol bliuwe te iten. Dat gong oan. De hûsmûs iet der ek. Botte rojaal kaam it net om, mar it gong. Se hienen sa in petear, dat gong oer hoe't se troch de tiid kamen en al sawathinne. 'Ja', sei de lânmûs, wy moatte no en dan kloek by 't waltsje lâns, dan is der net folle te iten en te biten en wy hawwe alle jierren mar foar in wintertarring te soargjen'. De lânmûs woe ek wol ris hearre, hoe't de hûsmûs libbe. No ja, dy hie de hûshâlding tige foarinoar en mei de bern gong it bêst. De hûsmûs hie gjin kleien. 'Do moatst ek mar ris by my komme', sei er, 'dan kinst it sels sjen'. Dat wie goed en doe stelden se in dei.
Se praten in plak ôf dêr't se inoar moetsje soenen en doe naam de hûsmûs de lânmûs mei. Troch in gonkje koenen se yn 'e hûs komme en ûnder de flier wie in plakje, dêr hie de hûsmûs syn ferbliuw. It like allegear skoan, de lânmûs koe it net oars sizze. De hiele hûshâlding seach der glânzich en fleurich út en se hienen ek wol it ien en 't oare yn in hoekje lizzen. 'Dat is ús spine', seinen se, 'ús spiiskastje, mar dat brûke wy op 't heden net, want wy geane alle kearen nei 't hûs ta te iten, by de minsken'. 'Oh, krekt!'
No, en doe wie it dan njonkenlytsen iterstiid en se gongen allegear mar meiinoar, de lânmûs ek mei. Se bedarren yn in kast, dêr lei tsiis en dêr lei spek, dêr wie bôle en dêr stie in pânfol brij—hja koenen mar fan ', ite safolle as se woenen.
Mar se wienen noch net lang oan 't miel—de kastdoar stie yn 't kier—dêr kaam sa'n grut beest oan. Allegear stoden se oerein. 'Fuort! Fuort!' rôpen se tsjin 'e lânmûs en rûfty, sa fluch as se koenen troch 't mûzegat ûnder de flier. It gong sa hurd yn 'e wurken, de lânmûs wie der earst ferbjustere fan, mar hy rekke doch ek troch dat gat. De mûzen himen dat se wat dienen. 'Binne jim der allegearre?' Ja, elk wie libben weromkommen.
En doe krige de lânmûs hiele f`erhalen te hearren. 'Dat wie de grutte kat en dy litte se op ús los, dat er ús opfrette sil'. En it wie ek al ris bard, doe woenen der twa lytsen tagelyk troch it gat en doe koe ien fan har sa gau net fuortkomme; de kat hie him pakt en opfretten. 'Ja, it is tige oppassen, want altiten sit dy kat op 'e loer'.
De gasthear hime noch wat nei. 'Spitich dat dit no sa treft', sei er tsjin it fjildmûske, 'wy moatte jûn mar ris wer sjen—ynearsten jouwe wy ús mar net fan honk'. Mar doe tocht de fjildmûs, ik wit it hast net. Dit liket my net al te goed ta. Hy ornearre, lit it iten by ús net sa rojaal wêze, dizze spanning en alteraasje, en dan dat fleanen en draven om jins libben te rêden, nee, dat is it ek net. Dat hy sei tsjin 'e hûsmûs: 'Ik woe jûn mar net ôfwachtsje, ik leau, ik stap mar wer op'. 'Ja', sei de oare mûs, 'dat is hjir no ienkear sa; dêr kinne wy ek neat oan dwaan. Fierder ha wy it oars sa skoan'.
'Dat sil 't wol', sei de lânmûs, 'mar ik gean doch mar leaver nei hûs'. Hy naam ôf skie, makke dat er wer yn 't fjild kaam en dêr libbe er yn alle frede fierder.

Onderwerp

AT 0112 - Country Mouse Visits Town Mouse    AT 0112 - Country Mouse Visits Town Mouse   

ATU 0112 - Country Mouse Visits Town Mouse.    ATU 0112 - Country Mouse Visits Town Mouse.   

Beschrijving

Een landmuis en een huismuis komen elkaar tegen. De huismuis komt eten bij de landmuis en ziet dat het leven op het land maar karig is. Op zijn beurt komt de landmuis bij de huismuis eten. Hij ziet dat er aan voedsel geen gebrek is. Als ze echter moeten vluchten voor de kat, ziet de landmuis in dat de armoede van het land te verkiezen is boven het gevaar van het leven als huismuis.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 217

Commentaar

5 juni 1972
Country Mouse Visits Town Mouse

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20