Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE266 - Slachterkeboartsje

Een sage (boek), dinsdag 07 november 1972

Hoofdtekst

Slachterkeboartsje
Yn 'e fitrine fan 'e âldheidkeamer op it Boalserter stedhûs leit in meske mei in biennen heft. Yndertiid hat dat by de portyk yn 'e muorre fan it stedhûs ynmitsele sitten. Dat meske siet dêr as warskôging foar elkenien, dat men net al te roekeloas mei messen en sok ark omgean moat.
Jim witte wol, dat it bertehûs fan Gysbert Japicx yn 'e Wipstrjitte stiet. Dêrnêst hat foarhinne in bargeslachterij west en miskien hat dat hûs wol ieuwen lang as slachterij tsjinne. Wy ha sels noch wol meimakke, dat se it fleis net út it slachthûs krigen, mar dat se dêr sels slachten. As se dat dienen, hienen se de gerdinen der foar, mar wy as bern koenen it altyd noch wol troch de skreef fan 'e gerdinen sjen.
Sa wienen der lang, lang ferlyn in pear jonkjes, dy hienen ek sjoen, hoe't dat slachtsjen yn syn wurken gong. It iene jonkje helle in mes fan hûs en op 'e stoepe fan it Gysbert Japicx-hûs begûnen se te slachterkeboartsjen en doe snie de iene de oare de hals út en dat koste dat bern it libben.
Dat waard in rjochtsaak. De minsken seinen: each om each en tosk om tosk. Oft in bern wat dien hie of in grutten dêr makken se doe amper ferskil tusken. Dat jonkje moast mei syn âldelju op 'e Vierschaar yn it stedhûs ferskine.
De saak lei dúdlik, mar der wie doch ien fan 'e boargemasters, dy frege himsels ôf, kin dit samar? Hat dat bern der wol erch yn hân, dat it kwea koe wat er die? De boargemaster krige in idee. Hy lei op 'e tafel dêr't it jonkje foar stie oan 'e iene kant in caroli gûne en oan 'e oare kant in moaie oppoetste appel. Hy sei tsjin it jonkje: 'En no meisto kieze!' Dat bern keas de appel en dêr bewiisde it syn ûnskuld mei. Sa giet it ferhaal.

Onderwerp

AT 2401 - The Children Play at Hog-killing    AT 2401 - The Children Play at Hog-killing   

ATU 1343* - The Children Play at Hog-killing.    ATU 1343* - The Children Play at Hog-killing.   

VDK 2401 - The Children Play at Hog-killing    VDK 2401 - The Children Play at Hog-killing   

Beschrijving

Twee kinderen spelen slagertje, waarbij de één de ander de hals doorsnijdt. Het jongetje moet voor het gerecht verschijnen. De burgemeester stelt hem op de proef, om te zien of hij werkelijk kwade bedoelingen had. Het jongetje moet kiezen tussen een appel en een gulden. Hij kiest de appel, waarmee hij bewijst slechts een onschuldig kind te zijn dat niet wist wat hij deed.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 277

Commentaar

7 november 1972
The Children Play at Hog-killing

Naam Overig in Tekst

Gysbert Japicx    Gysbert Japicx   

Vierschaar    Vierschaar   

Naam Locatie in Tekst

Bolsward    Bolsward   

Wipstraat    Wipstraat   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20