Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ003203

Een sage (mondeling), november 1955

Hoofdtekst

Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik sil wol even by dy komme."
De man gong yntiids op bêd en dêr kom syn buorman oan. Dy krige de kladde mei moal fan 'e tafel en bistruide dêr it gesicht fan syn maet mei. "Nou mar stil ôfwachtsje," sei er, "moarn kom ik wol wer."
De oare moarns, doe't er wekker woarde, stie der in sierlik-moai frommeske by him oer de flier. Sy wie in nachtmerje, sei se. Sy wie troch it kaeisgat der yn kom, mar sy koe der net wer útkomme.
De man sei: "Jo ha my forskate nachten omraek pleage. Ik ha it rjocht jo dea to meitsjen.
Mar ik sil jo libben sparje. Op ien bitingst. Wolle jo hjir de húshâlding dwaen en in goeije mem foar de bern wêze? Dan sille jo it hjir wol nei it sin ha."
De nachtmerje biloofde dat en sy die de húshâlding nei winsk. En sy paste goed op 'e bern, dat hoefde net oars.
Mar doe't se dêr forskeidene jierren wenne hie, wie se us by de hurd oan 't skrippen.
De bern fregen: "Hwat docht mem nou?"
"Ik liz in fjûr oan fan stiennen", antwurde se. "En as dat klear is, dan gean ik fuort. En ik kom net earder wer, of dy stiennen matte earst forbrând wêze."
Sy is troch 't kaeisgat krûpt en sy is noait wer sjoen woarn.

Onderwerp

SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.    SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   

Beschrijving

Man heeft last van nachtmerries, waarop een buurman voor het slapen gaan meel op zijn gezicht strooit. De volgende ochtend staat er een vrouw die zich een nachtmerrie noemt, in huis. Na jaren het huishouden en de kinderen te hebben verzorgd vertrekt ze als ze een vuur van stenen heeft aangelegd door het sleutelgat. Ze zegt terug te komen als de stenen zijn verbrand.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 32, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

november 1955
Begegnung mit Mahr

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21