Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004102 - De fokse en de roek

Een sprookje (mondeling), donderdag 19 mei 1966

Hoofdtekst

De fokse en de roek
Der wie in boer, dy hie in protte lêst fan in fokse, hwant dy friet syn hinnen allegear op. Dêrom hied er in kûle groeven en dêr wie de fokse ynfallen. De fokse koe der net wer út komme. Boven him yn 'e beam siet in roek.
De fokse wie brutael en sei tsjin 'e roek: "Ast' my de kûle net fol takken smytste, dan fret ik al dyn jongen op."
Doe de roek oan 't tôgjen en it duorre net lang of hy hie de hiele kûle fol smiten. Doe koe de fokse der út komme.
Mar doe sei de fokse tsjin 'e roek: "Ast' my net in grou stik spek bringste, fret ik dyn jongen nòch op." Doe sei de roek: Sa'n grou stik spek kin ik net drage, mar kom mar mei, dan sil ik dy it spek wol oanwize.
Doe loadste hy de fokse nei it boerehiem ta. Mar dêr wienen twa forskuorrend-lulke hounen. Dy snapten de fokse en sa krige er lean nei wurken.

Onderwerp

AT 0056C* - The Fox Sits in a Pit and Threatens to Eat the Bird's Young    AT 0056C* - The Fox Sits in a Pit and Threatens to Eat the Bird's Young   

ATU 0223 - The Bird and the Jackal    ATU 0223 - The Bird and the Jackal   

Beschrijving

Een boer graaft een kuil om de vos te vangen die hem telkens komt bestelen. De vos valt in de kuil en kan er niet meer uitkomen. In een boom zit een raaf en de vos dreigt de jongen van de raaf op te eten als deze de kuil niet vol gooit met takken. De raaf gehoorzaamt en de vos klimt uit de kuil. Dan dreigt hij opnieuw met het opeten van de jongen als de vogel hem niet een stuk spek brengt. De raaf zegt dat hij zo'n groot stuk spek niet kan dragen en stelt voor de vos er naar toe te brengen. De vos stemt toe en wordt naar het huis geleid. Daar zijn echter twee gemene honden die de vos zijn verdiende loon geven.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 41, verhaal 2 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 mei 1966
AT 0056E* Fox Forces Another Animal to Procure Food and Pleasure for him
The Fox Sits in a Pit and Threatens to Eat the Bird's Young; AT 0056E* Fox Forces Another Animal to Procure Food and Pleasure for him

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21