Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ005003 - Hwa 't baes wie

Een sprookje (mondeling), woensdag 15 juni 1966

Hoofdtekst

Hwa't baes wie.
Der wie in mynhear, dy syn frou woe altyd baes wêze. Hy sei tsjin har, dat froulju altyd it lêst wurd ha woenen, mar sy spruts dat tsjin.
Doe sei er: Ik sil jo it biwiis leverje.
Hy rôp syn stâlfeint. Dy moest der foar him op út.
Nim in koer mei apels mei en trije hynders: in witen, in swarten en in blauwen. Dêrmei moatstû by de huzen lâns gean en rounom freegje hwa't dêr yn 'e hûs baes is. Is de frou baes, dan jowste twa apels. Is de man baes, dan mei er in hynder útsykje.
De feint gong op stap, mar oeral hwer't er kom, wie de frou baes. Dat hy rekke in soad apels kwyt.
Doe kom er op in plak, dêr like de man nochal brimstich en koart to wêzen.
Hwa is hjir baes? frege de feint.
Dat bin ik, sei de boer.
Kom, sei de feint, dan tref ik dat ek us in kear. Kom mar mei. Ut dizze trije hynders meije jo ien útkieze. Jo meije sels witte hokker.
Doe socht de boer it swarte hynder út. Dat foun er prachtich. Mar doe kom de frou op 'e lappen.
De boer sei: Sjoch, ik ha de swarte útsocht. Dat is de moaiste.
O heden né, sei 't wiif, de swarte net. De blauwe, dy is helte moaijer.
Gjin sprake fan, sei de boer, dy blauwen, dy forblikke sa gau.
Mar de boerinne bleau op har stik stean. Ik siz fan de blauwe, sei se.
Op it lêst sei de boer tsjin har: "Nou, dan matte jo it mar witte."
De blauwe, sei se.
De blauwe, sei de boer.
Mar doe sei de feint tsjin him: Hy is net foar jo. Jo seinen, jo wienen baes, mar ik haw it nou wol oars heard.
Tsjin 'e boerinne sei er: Jo binne baes.
Ja, sei se.
Hjir ha jo twa apels.
De feint kom mei de trije hynders wer thús, mar de koer mei apels rekke hielendal leech.
De mynhear krige dus wòl gelyk!

Onderwerp

AT 1366A* - Search for Husband in Command    AT 1366A* - Search for Husband in Command   

ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?    ATU 1375 - Who Can Rule his Wife?   

AT 1375 - Who can Rule his Wife?    AT 1375 - Who can Rule his Wife?   

ATU 1366A* - See Type 1375.    ATU 1366A* - See Type 1375.   

Beschrijving

Man wil bewijzen dat vrouwen altijd het laatste woord wil hebben. De knecht gaat op pad met een mand appels en drie paarden, een witte, een zwarte en een blauwe. Daar waar de vrouw de baas is geeft hij twee appels, als de man de baas is mag die een paard uitzoeken. Overal is de vrouw de baas, tot hij bij een boer komt die zegt dat hij de baas is. De boer zoekt het zwarte paard uit, maar zijn vrouw vindt het blauwe mooier. Uiteindelijk geeft de boer toe, maar daarmee verspeelt hij het recht op een paard.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 50, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 juni 1966
Search for Husband in Command, AT 1375 Who can Rule his Wife?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21