Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006702

Een sage (mondeling), dinsdag 12 juli 1966

Hoofdtekst

Op 'e klaei wie in faem, dy tsjinne by in boer. Dy faem hie forkearing. As de feint der west hie, wist de boerinne har de oare deis alles wol to fortellen, hwat der dy jouns tusken har en de feint bipraet wie ensa.
De faem tocht wol us: "Hoe kin dat."
Op in kear doe siet de feint wer by har. Doe wie der in hiele dikke fremde kat, dy spinde dêr mar hwat om. De feint krige in stik ark en joech dy kat dêr in trewinkel mei. Dat de kat bleau lizzen.
Doe't de faem de oare moarns by de tobbe stie to waskjen, en oan 't sjongen wie, kom de boer by har en sei: "Net sa lûd, hwant de frou is net by de tiid. Hja hat der hinder fan." Hy sei, dat er even fuort moest, mar dat de faem net nei de boerinne ta gean moest.
Doe't de boer fuort wie, gong de faem ta 't hûs yn. Sy woe der mear fan wite en gong nei de frou ta. Dy lei sangen en blau op bêd.
De faem hie alles bigrepen en sei: "Sy ha dy lang genôch neijown, datst in tsjoenster wieste, mar nou wyt ik der genôch fan. Mar as de boer aenst thúskomt, gean ik fuort."

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

De diensbode op een boerderij heeft verkering. Als haar verloofde op bezoek komt weet de boerin haar de volgende dag te vertellen wat er tussen haar en haar vriend besproken is. Op een keer is haar vriend er weer en ligt er een dikke vreemde kat te spinnen. De kat laat zich niet wegjagen. De volgende morgen komt de boer zeggen dat de boerin niet lekker is. Hij moet weg maar de dienstbode mag niet naar de boerin gaan. De vrouw gaat binnen kijken en ziet de boerin paars en blauw op bed liggen. De dienstbode begrijpt het. De boerin is een toverheks.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 67, verhaal 2

Commentaar

12 juli 1966
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21