Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ010801

Een sage (mondeling), vrijdag 16 september 1966

Hoofdtekst

Ik bin mei de helm geboaren. Ik moest altyd alles sjen. Dat fornaem ik it earst, doe wie 'k toalf jier âld. Op in jountiid moest ik molke helje fan 'e boer. It wie noch ljocht. Ik moest skean de fjilden oer. Ik hie in fjildskutte by my lyk as de soldaten brûke. Dêr kaem de molke yn. Op 'e weromreis wie 't skimerich. By de hoeke fan 'e Sânwei seach ik ynienen in boerewein foar my en dêr stie in deafet op. Allegear folk roan der achter oan, it wie in lykstaesje.
Ik tochte: "hwat bitsjut dit." Mar dy staesje bleau mar fóár my. Ik waerd doe sa deabinaud, dat ik puozze mei de molke. Der bleau neat yn 'e fjildskutte oer. Tichteby stie in lyts winkeltsje, dêr wenne in âld wyfke yn, dêr wie snobbersguod to keap en ek wol apels. Dêr roan ik hinne. En ik hie dêr net wei gong, ja, ik hie der hjoed-de-dei nòch sitten, wie it net, dat heit my dêr op it lêst weihelle hat. Mem fûtere bot op my, omt de molke allegear wei wie, mar heit fûtere net. Doe't ik it forhael fortelde, sei er: "Dy jonge krijt it net maklik yn 't leven." Hwant hy wist wol hwat it bitsjutte as men hwat sjen moest. Hy sels hie it soms ek.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Een jongen is met de helm geboren en voorziet altijd alles. Als hij eens terugkomt van het koeienmelken, ziet hij een begrafenisstoet. Hij wordt zo bang dat hij alle melk morst. Zijn moeder is erg boos op hem om de verspilde melk. Zijn vader is niet boos omdat hij zelf ook wel eens een voorteken ziet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 108, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

16 september 1966
Leichenzug gesehen & TM 2901: Helmdragers

Naam Locatie in Tekst

Sânwei    Sânwei   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21