Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ011309

Een sage (mondeling), dinsdag 04 oktober 1966

Hoofdtekst

Der giet in paed fan Strobos nei Kollumerpomp. Dat is in rûm ein wei. Dêr seach ik us in kear twa hiele greate balen hea stean. Midden op dy wei. 't Hea stykte boven ta de balen út. Ik fortelde dat oan ien, mar dy lake my út en sei: "Allegear lary.". It wie yn 'e simmer.
Mar doe woarde it hjerst. Ik en myn swager hienen nei myn suster ta west yn Westergeast to praten.
Wy wienen op 'e fyts. 't Wie in ljochte joun, de moanne skynde helder. Doe seach ik ynienen op itselde plak dy twa greate balen hea. Wy stapten beide fan 'e fyts. Ik doarst der earst net del. Mar myn swager sei: "Wy màtte!"
Doe roannen wy togearre, deun neist elkoar. En doe wienen dy twa balen hea samar ynienen fuort as wienen se weifage. Myn swager draeide it rêd fan 'e fyts om mei de hân om 'e lampe op 'e feart skine to litten. Mar der wie neat yn 'e feart to sjen.
Hwat dat west hat, ha wy noait bigrepen hawn.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

In de zomer zag een man twee hele grote hooibalen midden op de weg staan. Maar niemand geloofde hem. Toen hij in de herfst in het maanlicht fietste, zagen hij en zijn zwager de balen opnieuw. Maar toen ze dichterbij wilden komen, verdwenen ze opeens. Ook in het water was niets te zien.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 113, verhaal 9

Naam Overig in Tekst

Westergeast    Westergeast   

Naam Locatie in Tekst

Strobos    Strobos   

Kollumerpomp    Kollumerpomp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21