Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012708

Een sage (mondeling), donderdag 10 november 1966

Hoofdtekst

Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet der in krâns yn fan allegear triedden, dy't de naeister ûnder hannen hawn hie. Dy hie de bolkoerrinster tusken de fearren tsjoend. Sy joech Wike altyd muntsjes en krige sa it bern yn 'e macht.
Doe gongen se nei de duvelbander fan Surhústerfean ta (moat it wêze: Wytfean? A.A.J.). Dy sei: "Jimme binne op tiid. De krâns is noch net fol. Wie dat it gefal, dan moest it bern stjerre."
Der kom duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e keamersdoar om 't wiif to kearen. De krâns woarde opbrând en 't wiif fuortjage. It bern is fan stonden ôf wer better woarn.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Elke keer als de vrouw met de broodmand was langs geweest, kon een meisje niet slapen. Toen heeft ze op een keer haar hoofdkussen opengemaakten daarin een krans, met allemaal draden erdoor, gevonden. Die had de broodverkoopster erin getoverd. De duivelbanner zei dat ze net op tijd waren. Als de krans vol was geraakt, was het kind gestorven. Ze deden duivelsdrek onder de drempel en verbrandden de krans. Het kind werd weer beter en de broodverkoopster is nooit meer gezien.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 127, verhaal 8

Commentaar

10 november 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Wike    Wike   

Naam Locatie in Tekst

Lutjewoude    Lutjewoude   

Kollum    Kollum   

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Wytfean    Wytfean   

Witveen    Witveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21