Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ015412

Een sage (mondeling), zaterdag 20 mei 1967

Hoofdtekst

In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat dien, al us mei in kneppel en ek al us mei in âld sabel, mar hy koe him noait reitsje.
Geartom lei op bêd en it prikele him altyd. Krekt as woarde er stutsen mei spjelden. Doe sei beppe: "Lit my us op dat bêd sliepe." Mar doe fielde beppe dat prikeljen ek. Doe ha se 't bêd iepenmakke en doe sieten dêr krânsen yn.
Doe is pake dan nei Kûkherne ta gong, dêr wenne de duvelbander. Dy joech pake in drank mei. "Mar pas op," sei er, "ûnderweis kin der jo wol ris it iene of oare moetsje, dat it op 'e drank bigrepen hat. Pas goed op jou drankje."
Underweis nei hûs ta wie der in hazze yn 't fjild. Krekt sa't Wopke sein hie, op 'e rûmte kin der jo wolris hwat treffe. De hazze kom op pake ta en dy sprong hyltyd by him op, om dy drank stikken to krijen. Pake wearde him ôf, mar it beest joech fuort gjin krimp. Op 't lêst gong er fuort. De drank bleau heel, mar doe't pake thús kom, wie syn gesicht alhiel toklaud troch dy hazze.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een jongen is door een heks betoverd en ligt doodziek op bed. Het lijkt net of hij steeds geprikt wordt met spelden. Als zijn familie het bed openmaakt, zitten er allemaal heksenkransen in. De heks sluipt vaak in de gedaante van een zwarte kat rond het huis, maar de vader slaagt er niet in het beest te pakken te krijgen. Als hij ten einde raad naar Wopke de duivelbanner toe gaat, geeft die hem een drankje mee. Wopke drukt de vader op het hart goed op het flesje te passen. Op de terugweg zal hem een dier tegemoet komen dat het op het medicijn voorzien heeft omdat hij genezing van het betoverde kind tegen wil gaan. De vader stuit inderdaad al gauw op een haas maar slaagt er - na een heftige worsteling - in het drankje heel thuis te krijgen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 154, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

20 mei 1967
Heks maakt mens (kind) ziek

Naam Overig in Tekst

Geart Schriemer    Geart Schriemer   

Geartom    Geartom   

Wopke    Wopke   

Naam Locatie in Tekst

Noarder Dwarsfeart    Noarder Dwarsfeart   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21