Hoofdtekst
Ik wie senuwsiik. Dokter hie sein: It allerbêste dat jo mar krije kinne, matte jo ha. Dat koe 'k net krije. 't Mocht ús net barre. Ik wie 27 jier. Ik tsjinne by in oar. De frou sei tsjin my: "Myn beppe hat in ekster yn 't liif, jo kinne der ek wol us ien yn ha, hwant it kin raer gean mei dy tsjoenderije. Ik tink dat der kweaminsken oer jo geane."
Der wienen guon, dy gòngen der foar. Der wie in jong frommes dy stie bikend as tsjoenster. As dy yn oantocht wie, woarden de bern der gau útstjûrd.
Doe ûndersocht ik ús kessens. Wy hienen kapokken kessens en ien lyts fearren kessentsje. Dat makke ik iepen. Dêr sieten lapkes yn, dêr wienen allegear fearkes trochhinne.
Ien sei: "Der mat in duvelbander komme. Doe woarden wy gewaer, dat der wenne ien yn Sumarreheide. 't Wie Piter Poes. Hy moest mei de hounekarre helle wurde. Dat dienen wy en hy kom der yn.
Ik moest psalm 118 fers 3 opsizze: Ik werd benauwd van alle zijden ensfh.
Ik wie senuwsiik en wie tige mei de Heare warber, nachts en deis. En ik wie der o sa min oan ta.
Doe knibbele Piter Poes foar de drompel del en bidde.
Doe die er duveldrek ûnder 'e drompel.
Doe moest myn wetter sean wurde, mei nuddels en spjelden, yn in potsje. Doe krige ik in drankje en dêr mochten gjin oare egen oer gean.
(Letter kom hjir us in sekere Helfrich, drogist fan Drachten. Dy sei: "Hwat sjogge jo der min út. Ik liet him it drankje sjen. Hy sei: "Dat is kattemige") Dit gebeurde yn Burgumerheide.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een zenuwzieke vrouw blijkt betoverd: in haar kussen zitten heksenkransen. Van de duivelbanner Piter Poes moet ze psalm 118, vers 3 opzeggen. Piter bidt voor de drempel en kookt de urine van de betoverde vrouw met naalden en spelden. De vrouw geneest van het drankje dat ze van Piter krijgt, alhoewel een zekere drogist beweert dat het geneesmiddel kattenpis is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 294, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
ca. 1951
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Piter   
Piter Poes   
Helffrich   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Drachten   
Burgumerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21