Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ058407

Een mop (mondeling), zondag 23 februari 1969

Hoofdtekst

Der kom us in minske fan Mearum. hja hie nei Van Houtens winkel to boadskipjen west. Hja moest oer de Postdyk nei de Skieding werom. Dat wie in tige keal ein en doe fornom se dat der in man achter har oan roan.
't Wie skimerich en it woarde al donkerder oan.
Sy tocht: "As dat Biesterveld mar net is."
De man helle har yn. Hja bisocht him foar to bliuwen, mar op 't langelêst wie er njonken har.
"Heden," sei er, "hwat rinne jo hurd."
"Ja," sei se, "it wurdt tiid dat ik thús kom. Hjir rint soms sa'n rare keardel om."
"Hwa dan?" sei er.
"Biesterveld," sei se, "dêr ha 'k it net op."
"Sa lang ik by jo bin, falt dat hwat ta", sei er.
"Hwer matte jo dan hinne?"
"Nei de Skieding", sei er.
"Ik mat ek nei de Skieding."
Doe't se op 'e Skieding oankommen sei de man tsjin har: "Wês nou mar noait wer bang foar Biesterveld, hwant jo kinne nou oan alle minsken wol fortelle, dat jo mei Biesterveld oproun binne."


Onderwerp

VDK 1525Z* 36 - De vrouw en de dief    VDK 1525Z* 36 - De vrouw en de dief   

Beschrijving

Een vrouw was in de schemering eens onderweg naar huis. Een man kwam naast haar lopen en verzuchtte dat ze zo hard liep. De vrouw legde uit dat ze dat deed omdat Biesterveld daar vaak liep, en ze bang van hem was. De man is toen bijna tot haar huis met haar meegelopen. Toen ze uit elkaar gingen, zei hij dat ze maar niet meer bang moest zijn van Biesterveld, en dat ze nu tegen iedereen kon zeggen dat ze met Biesterveld opgelopen had.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 584, verhaal 7

Commentaar

23 februari 1969
De vrouw en de dief

Naam Overig in Tekst

Skieding    Skieding   

Mearum    Mearum   

van Houten    van Houten   

Naam Locatie in Tekst

Biesterveld    Biesterveld   

Scheiding    Scheiding   

Postdyk    Postdyk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21