Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ058413

Een sage (mondeling), zondag 23 februari 1969

Hoofdtekst

Jan Wouda wie us op in kear to riden op redens. Hy kom fan Ljouwert. Hy woe oer de Burgermar nei hûs ta.
Doe't er sahwat op healwei wie, ried er in mantsje foarby. Doe kom er oan yn Eastemar. Doe tocht er: "Wy rêste even. Ik keapje in slokje."
Dêr hied er syn twade slokje op - hy soe wer fuort - doe kom dat mantsje der yn, dat er foarby riden wie.
't Mantsje sei: "Soenen jo der krekt wer út?"
"Ja," sei Jan, "ik hie even rêst; nou gean 'k mar wer fuort."
't Mantsje sei: "Kom even mei. 'k Wol even mei jo prate, hwant 't is forbazend, sa hurd jo ride kinne."
Hy stelde him foar as Baarda fan Blesse.
Jan hearde raer op. "Binne jo dan de Fryske kampioen reedriden?"
"Deselde", sei de oare.
Jan sei letter: "Ik hie noait witten, dat ik sa hurd ride koe."


Beschrijving

Jan Wouda schaatste eens van Leeuwarden naar huis toe. Onderweg schaatste hij een mannetje voorbij. Halverwege rustte hij eventjes en hij nuttigde twee drankjes. Toen kwam het mannetje dat hij eerder had gezien, weer langs. Deze stelde zich voor als Baarda van Blesse, de Friese kampioen schaatsrijden. Jan had nooit geweten dat hij zo hard kon schaatsen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 584, verhaal 13

Commentaar

23 februari 1969

Naam Overig in Tekst

Jan Wouda    Jan Wouda   

Burgermar    Burgermar   

Baarda    Baarda   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Burgermeer    Burgermeer   

Blesse    Blesse   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21