Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077001

Een mop (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy krige in nije feint.
"Harke," sei de boer de oare deis tsjin him, "dû mast even mei dizze koe nei de bolle ta. Dû mast dit paed út en dan by in winkeltsje rjochts ôfdraeije. Dan is 't de earste plaets oan 'e rjochterhân."
"Goed, boer", seit Harke, en hy giet op stap.
Mar as er oan 't winkeltsje ta is, sjocht er dêr in buordtsje op 'e muorre spikere, dêr stiet op: Boldoot. Harke bliuwt stean. Hy sjocht fan it buordtsje nei de koe en dan seit er: "Wy kinne wol wer op hûs ta, jonge. Us reis is forgees."
En hy keart mei de koe werom.
"Hwat ha wy nou?" freget de boer, "hjir sa gau wer?"
"Ja boer," seit Harke, "dat sil 'k jo fortelle. De bolle wie dea. 't Stie oanplakt by de winkel."


Beschrijving

Een boer stuurt een nieuwe knecht Harke met een koe naar de stier. Hij moet voorbij het winkeltje naar recht, maar daar aangekomen ziet hij een bordje op het winkeltje dat zegt 'Boldoot'. De knecht neemt de koe maar weer mee terug en zegt dat de stier dood is, want bij de winkel stond dat aangeplakt.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 770, verhaal 1

Commentaar

onbekend

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21