Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ113710

Een mop (mondeling), maandag 02 september 1974

Hoofdtekst

Twa froulju kamen de stêd út wei fytsen en namen de wei troch 't Kanterlân. Doe roan dêr in keppel kij yn 't lân. Dêr wie in deunske kou tusken, dy waerd hyltyd bisprongen, dan troch dizze, dan troch dy kou. Dat seagen dy beide froulju en 't bigreate har ôfgryslik om dy earme kou. Doe fregen se hwer't de boer wenne dy syn fé it wie.
Doe't se by de boer kamen, seinen se: "Jo meije dy kou wol út it lân helje, hwant de oare kij fljogge der allegear boppe op, nou de iene en dan de oare."
De boer sei: "Dat hindert neat. De kij ha krap fretten yn 't lân, sjoch. Dêrom springe de kij by in oare kou op 'e hûd, dan sjogge se hwat better of der fierderop ek mear gers stiet."

Beschrijving

Vrouwen uit de stad die op het platteland fietsen krijgen medelijden met tochtige koe die door de andere koeien wordt besprongen. De boer zegt dat het niets uitmaakt. De koeien bespringen elkaar om beter te kunnen zien of verderop meer gras staat.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1137, verhaal 10 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 september 1974,

Naam Overig in Tekst

Kanterlân    Kanterlân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21