Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ118401

Een mop (mondeling), vrijdag 27 juli 1979

Hoofdtekst

Trije Poepen soenen nei Fryslân ta. Doe't se oer de grins wienen, seinen se tsjin elkoar: "Wy wolle de Fryske tael leare."
Doe kommen se in man tsjin mei in jonge. Dy jonge sei tsjin syn heit: "Sjoch heit, trije poepen."
De iene poep sei: "Dat zal ik onthouden: trije poepen."
In eintsje fierder siet in faem ûnder in kou to melken. Sy treau dy kou hwat oan kant, wylst hja sei: "Om kou."
De twade poep sei: Dat zal ik onthouden: om kou."
Wer in eintsje fierder troffen se in timmerman, dy wie oan 't skaven. Hy seach by de planke lâns en sei: "Dat is rjocht."
De trêdde poep sei: "Dat zal ik onthouden: dat is rjocht."
Wer in eintsje fierder founen se in deade keardel. Doe gongen se nei de burgemeester ta.
Doe frege dy burgemeester har: "Hwa hat dy man formoarde?"
Doe sei dy iene: "Trije poepen."
"Hwerom dienen jim dat?" woe de burgemeester wite.
"Om kou", sei de twade poep.
Doe sei de burgemeester: "Dan matte jimme alle trije mar ophong wurde."
"Dat is rjocht", sei de trêdde poep.

Onderwerp

AT 1697 - "We Three; For Money"    AT 1697 - "We Three; For Money"   

ATU 1697 - “We Three; For Money.”    ATU 1697 - “We Three; For Money.”   

Beschrijving

Drie Duitse hannekemaaiers – ook wel 'poepen' geheten – gaan naar Friesland om de Friese taal te leren. Als een klein jongetje zijn vader aanstoot en 'Kijk, drie poepen' zegt, besluit de eerste poep de woorden 'Drie poepen' goed in zijn oren te knopen. De tweede poep hoort een melkende vrouw 'Om, koe' zeggen en slaat die woorden op in zijn geheugen. Als een timmerman die een plank zaagt daarbij 'Dat is recht' opmerkt, blijft de derde poep die woorden voor zichzelf herhalen. Als de poepen later een dode man zien liggen, gaan ze naar de burgemeester toe. Als de burgemeester hen vraagt wie er schuldig is aan de moord, antwoordt de eerste poep 'Drie poepen'. Als de burgemeester vervolgens wil weten waarom, verklaart de tweede poep 'Om koe'. Als de burgemeester hierop besluit de drie poepen op te hangen, antwoordt de derde poep 'Dat is recht'.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1184, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

27 juli 1979
"We Three; For Money"

Naam Overig in Tekst

Duitse    Duitse   

Friese    Friese   

Poepen    Poepen   

Fryske    Fryske   

Naam Locatie in Tekst

Friesland    Friesland   

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21