Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109504

Een mop (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wienen in feint en in faem, dy soenen trouwe. Dy feint soop sa. Mar hy biloofde har, as er ienkear troud wie, soed er de drank stean litte.
Hja trouden en syn wiif gong oer de beurs. Hy hie dus gjin sinten om drank to keapjen en wie sadwaende net yn 'e gelegenheit om to sûpen.
Hy wie boer en op in kear wie er op it lân oan 't wurk. 't Wie soel en toarstich waer. Hy tocht: ik woe, dat ik hwat to drinken hie. Mar hy hie gjin jild, dat it koe net. Mar op it lêst bitocht er hwat. Hy kaem thús en gong yn 'e hoeke sitten.
Syn wyfke sei: "Man, hwat skeelt der oan?"
"Och," sei er, "ik ha myn lytse man brutsen."
"Nou," sei se, "binne der dan gjin nije tokeap?"
"Jawol," sei er, "mar dan mat ik nei stêd ta, en dat kostet nochal hwat sinten."
"Nou," sei se, "dêr mast bislist hinne, en de bêste is net to goed."
Dat wie klear. Hy krige sinten en sette dêrmei nei de stêd ta. Yn it earste it bêste café gong er sitten. Doe't er in stik of hwat hawn hie, tocht er: "Nou mat ik mar wer op hûs yn."
Doe't er thúskaem, doe sei syn wyfke: "Hoe liket it?"
"Ik ha al ien", sei er.
"Nou, en dy oare, hwat hast dêr mei dien?" frege se.
"Dy ha 'k weismiten", sei er.
"Hwat dom," sei se, "dy hie ús âlde mem noch wol moai brûke kind."

Beschrijving

Man die veel drinkt krijgt na zijn huwelijk daar geen kans meer voor, omdat zijn vrouw het geld beheert. Om toch aan geld te komen zegt hij dat zijn geslachtsdeel gebroken is. Van het geld dat hij krijgt om een nieuwe te kopen koopt hij drank. Als hij bij thuiskomst vertelt hij dat hij een nieuwe heeft en de andere heeft weggegooid, zegt zijn vrouw dat hun moeder die nog wel had kunnen gebruiken.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21