Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109505

Een mop (mondeling), zaterdag 06 april 1974

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy krigen trije kearen achter elkoar in jonge. De earste wie in readen-ien, de twadde wie in blonden, en de trêdde in witen.
De man seach dêr hiel nuver tsjin oan. Hwant hy en syn wiif wienen tige donker, omtrint swart. Hoe koenen nou dy trije jonges sok hier ha.
Hy krige mear en mear argwaen en bigoun der oan to twiveljen of it wol bern fan hím wienen.
Hy tocht: ik mat der mar ris mei dokter oer prate.
Doe gong er dêr hinne. Hy sei: "Ik woe wol ris witte fan jo hoe't it kin, dat myn wiif en ik, dy't beide omtrint swart binne in jonge ha mei hier krekt sa read as fjûr. Wy ha yn 'e hiele famylje net in readen-ien."
De dokter sei: "It giet oan 't fjirde geslacht ta.'
Hy sei tsjin 'e man: "Jo matte earst alles noch mar ris goed útfiskje of der foarâlden by binne dy't read wienen en dan matte jo mar ris wer komme."
Doe't er thús wie, praette hy der mei de frou oer. Hja wist net hwat hja der oan hie. Mar reade foarâlden hie hja like min as hy.
Doe gong dy man wer nei de dokter ta.
De dokter sei: "Ik sil jo ris ûndersykje."
Doe't er dat dien hie, sei er: "Ik leau, dat ik hwat foun ha."
"Hwat dan?" frege de man.
De dokter sei: "Aangezien jij toverballen in je zak hebt, krijg je verschillende kleuren kinderen."

Beschrijving

Man kaart bij dokter aan dat hij drie kinderen heeft met verschillende kleuren haar. De dokter zegt na onderzoek dat de oorzaak de toverballen zijn die hij heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21