Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000102

Een sage (mondeling), zaterdag 13 november 1965

Hoofdtekst

Twa pearkes út Aldegea gongen ris nei Hinke Kaert ta to Nijebrêge. Hinke koe de takomst foarspelle. It wienen boeredochters, de fammen en ik tsjinne by de âlden fan de iene. Ik sliepte nachts ek by dy faem. Hja fortroude my altyd alles ta. Doe 't se by Hinke Kaert west wie fortelde se my har wederfaren. Hinke hie sein: Dêrstû mei trouste, dy moat ûnder tsjinst. Hy sil in goed nûmer lûke. Mar hy krijt it yn 't boarst. It is letter krekt sa útkaem. De feint rekke ûnder tsjinst, mar doe waerd er dêr ôfkeurd, omdat er 't oan 't boarst krige. Hy is wol troud mei dy faem, mar syn kwael boaze sa hurd oan, dat al ridlik gau dêrnei is er stoarn.
Fan it oare pearke hiet de faem Minke Schuurmans. De faem, dêr't ik by sliepte, hie ek heard hwat der oer hàr sein wie.
"Dû moatst skielk trouwe," hie Hinke sein. Minke waerd o sa kjel, mar Hinke krige gelyk. Mei deselde feint, dêr 't hja forkearing mei hie, troude se hommels. Dy feint waerd doe arbeider by syn heit.
Der kaem ris in man by Hinke Kaert, dy woe wite hoe 't it him yn syn houlik gean soe. "Hwatte?" sei Hinke, "yn dyn houlik? De tuchthúsdoarren stean foar dy iepen."
"Hoe dat sa?" frege de feint.
"Kinstû dat noch freegje. Dû wytst it sels donderse goed. Dû hast hwat útheve. Liich der mar net om. Fortel it my mar, dan kin ik dy miskien ried jaen."
Doe foel er troch de koer en hy sei hwat er misdien hie.
Hja joech him goede rie en sei: "Se sille dy dêr goed bihandelje."
Sa is't ek gebeurd.
Der kamen ek ris twa by Hinke, dy woenen har to fiter ha. Mar Hinke hie se fuortdaliks troch. "Wy woenen wol hwat fan jo witte", seinen se.
"Ja", sei Hinke, "ik sil jimme mei de heidebiezum." En hja jage se fuort.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

Verhalen over vrouw die de toekomst kan voorspellen. Ze vertelt een meisje dat de man waarmee ze trouwt in dienst worden afgekeurd. Een ander vertelt ze dat die snel moet trouwen. Een man die vraagt hoe het in zijn huwelijk zal gaan krijgt te horen dat hij naar het tuchthuis gaat, omdat hij wat op zijn geweten heeft. Alle voorspellingen komen uit.
Twee personen proberen de waarzegster voor de gek te houden, maar zij heeft het door en jaagt ze met de bezem weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

13 november 1965
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Hinke Kaert    Hinke Kaert   

Hinke Kaart    Hinke Kaart   

Minke Schuurmans    Minke Schuurmans   

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Oudega    Oudega   

Nijebrêge    Nijebrêge   

Nieuwebrug    Nieuwebrug   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21