Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027105

Een sage (mondeling), zondag 10 september 1967

Hoofdtekst

Hindrik de Boer wenne hjir yn 'e Harkema. Hy arbeide yn Grinslân op 'e klaei en wie altyd de hiele wike fuort. Tsjin syn wiif hied er sein: "Dû meist net by dyn folk komme, dat wol 'k bislist net lije." Hwant hy hie spul hawn mei syn wive folk.
Mar op in joun, midden yn 'e wike, tocht se: "Ik wol der even sjen." En hja gong op stap. Mar doe't se sahwat op healwei wie, seach se ynienen hiel dúdlik de gedaente fan har man. Hja bleau stean en sei: "O heden. Dit is Hindrik, myn man."
Mar né, it koe Hindrik net wêze, hwant it wie midden yn 'e wike. En doe wied er ek samar ynienen wer fuort west. Hja giet werom, troch de stâl, by de beesten lâns, yn 'e hûs. Har bern lizze op bêd to sliepen. Doe tocht se: "Ik gean ek mar op bêd."
In goed ûre letter, dêr kloppe Hindrik. Syn gedaente, dat hie foar har in warskôging west.


Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een man werkte doordeweeks altijd in Groningen. Hij wilde niet dat zijn vrouw dan bij haar familie langsging, want hij had ruzie met hen. Op een keer wilde de vrouw toch gaan, maar halverwege zag ze opeens de gedaante van haar man. Snel is ze weer naar huis gegaan. Een uur later kwam de man thuis. Zijn gedaante was een waarschuwing geweest.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 271, verhaal 5

Commentaar

10 september 1967
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Naam Overig in Tekst

Hindrik de Boer    Hindrik de Boer   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Grinslân    Grinslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21