Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ031201

Een sage (mondeling), zondag 17 december 1967

Hoofdtekst

Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde.
Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne.
It hat yn dat húske noait doogd. It wie in spoekhûs. Dat wie 't fan bigjin ôf oan al. Doe't it yn oanbou wie, doe stie der nachts wol us in lampke to barnen, wylst der net in minske oanwêzich wie. Hwant it wie doe noch net klear.
't Gebeurde ek wol dat der ien yn 't wyt foar stie. En as dat der wei gong, dan sweefde it.
Skoanheit hat it sette litten, mar hy hat it earst oan oaren forhierd, foardat hy der sels yn kaem. Doe't hy der sels in skoft yn wenne hie mei syn húshâlding, waerd er siik en hy kaem to lizzen.
Alle jounen op deselde tiid, sahwat om healwei tsienen hinne, kaem der lawaei op 'e achterhússouder en ek op 'e kasten yn 'e keamer. Hwat dat wie, binne se noait gewaer woarn. It gong der altyd oan wei.
De beesten op 'e stâl hienen soms in knip yn 'e sturt.
Op in nacht, doe't skoanheit al tige min wie, wie der lawaei oan 't lytse gleske oan 'e sydkant fan 't húske. Krekt as waerd der mei in stok hwat út slein.
Even letter wie 't lawaei yn 'e keamer op 'e kasten.
In âlde omke wekke dy nachts by skoanheit.
Hy sei: "Der is hwat op 'e kasten."
Myn wiif har âldste broer der hinne om to sjen.
Dy sei: "Der is neat op 'e kasten."
Doe yn 'e kasten sjen. Der siet neat yn. Mar doe is 't út 'e kasten wei op bêd gien, dêr't skoanheit lei.
Doe wie skoanheit o sa sober. Der is hwat by him op 't fuottenein kaem en dat gong sa nei 't hollenein ta.
Skoanfolk woe wite hwat dat mei skoanheit west hie.
Doe't er wei wie gong myn swager Albert nei Remmelts Minke ta yn Kûkherne. Dat wie in duvelbanster. Der sieten krânsen yn 't kessen dêr't skoanheit op slept hie. Dy hienen se der úthelle en dy naem Albert mei nei Minke ta.
"Jonge," sei Minke tsjin Albert, "wiest mar kaem doe't jimme heit noch leefde."
Sawn krânsen sieten der yn 't kessen. En dy krânsen wienen reaun mei allegear triedtsjes jern fan guod ôfkomstich dat skoanheit droegen hie.
It wie biwezen, dat er deatsjoend wie. Wy hienen wol yn 'e gaten hwa't de tsjoenster wie, mar dêr hienen wy 't biwiis net fan.
Minke sei: "Ien hat it dien, dy't in protte by jimme heit kaem doe't dy noch yn leven wie."
Albert sei tsjin Minke: "Wy ha Knillis Fopma op 'e rekken."
"Doe't jimme heit dea wie, hat er doe ek by jimme west?" frege Minke.
"Ja," sei Albert, "hy hat heit by de pols beet krige, dy helle er ûnder 't lekken wei. En doe hat er de hân omheech hâlden."
"Ja," sei Minke, "dat mòest er dwaen."
Minke sei: "Jimme matte de tsjoenster noadigje en dan matte jimme krekt foar't er komt, ûnder alle drompels fan 't hûs duveldrek lizze, to bigjinnen mei de bûtenste drompels. En ek yn 'e gleuven.
Jimme matte der foar oppasse, dat jim salang yn 'e hûs bliuwe en net oer ien fan 'e drompels komme. Earst mat de tsjoenster der oer. Mar hy kìn der net oer, tink dêr mar us om. Dêr kinne jim oan wite dat hy de tsjoenster is. Mar der mat net ien oars oerhinne gien wêze, oars jowt it neat. Hy mat de earste wêze dy't der foar komt to stean." Knjillis Fopma leefde mei in húshâldster. Sy kamen dy jouns togearre. En doe liet Knjillis de húshâldster fóár gean. Doe wie 't mis fansels. Doe wurke dy duveldrek net mear. Doe wie 't paed rûm foar Knjillis en koe hy der ek oerkomme.
As Albert op 'e tiid by Minke west hie, dan hie skoanheit net stjerre hoefd. Dan hienen se de krânsen yn twa stiennene potten dwaen matten en dy oer 't fjûr sette matten.
"Dan hie de tsjoenster by jimme binnendoar kaem", sei Minke. "Dan hienen jimme der wis fan west, dat hy it dien hie. En dan hie jimme heit noch wer better kind."

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een oud huisje staat bekend als spookhuis. Allerlei spookachtige dingen vallen op in en rondom het huis: brandende lampen in het holst van de nacht, witte spookverschijningen voor de deur, gerommel op de achterhuiszolder, vee met een knip in de staart en lawaai in de kast. Later blijkt dat de hoofdbewoner betoverd is: er zitten zeven kransen in zijn kussen. Duivelbanster Minke raadt aan duivelsdrek onder de drempels te stoppen. De tovenaar of heks zal ontmaskerd worden, omdat deze niet in staat zal zijn een voet over de drempel te zetten, aldus Minke. Er moet echter voor gezorgd worden, dat de vermoedelijke 'dader' de eerste is die voor de drempel komt te staan. Als iemand anders dan de heks of tovenaar de drempel eerst overschrijdt, verbreekt de werking van de duivelsdrek. Het plan mislukt: de tovenaar laat zijn huishoudster voorgaan bij het betreden van het huis en kan zelf zonder tegenwerking over de drempel lopen. Omdat hij ongehinderd het huis kan betreden, ziet hij kans de hoofdbewoner dood te toveren.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 312, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

17 december 1967
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Reapdraeijersreed    Reapdraeijersreed   

Albert    Albert   

Remmelts Minke    Remmelts Minke   

Minke    Minke   

Knillis Fopma    Knillis Fopma   

Knjillis    Knjillis   

Knjillis    Knjillis   

Naam Locatie in Tekst

Hiltsjemoaiwâlden    Hiltsjemoaiwâlden   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21