Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA03 - It mearke fan de koaningsdochter

Een sprookje (), 1951 - 1954

69.jpg

Hoofdtekst

It mearke fan de koaningsdochter
Der wienen ris in koaning en in koaninginne. Dy koenen krije hwat har hert bigaerde, hwant hja wisten har rykdom gjin ein. Mar ien ding ûntbriek der oan harren lok: hja hienen gjin bern. Dêr treuren dy koaning en dy koaninginne och sa faek om.
Op in kear ried de koaning troch de bosk. Hy hie de holle foardel. Hwant hy tochte: hwat binne oare minsken dochs in stik lokkiger as ik; dy ha in keppel bern om 'e tafel hinnen sitten.
Doe kaem der in âld wyfke oan, dat wie in hekse.
Dy frege him: "Hoe binne jo sa treurich?"
De koaning lei it har út. Hy hie gjin bern, sei er. Dat ûntnaem him alle wille.
"As it oars net is," andere it wyfke, "dan sil ik jo gau helpe. Als jo aensen thúskomme, sille jo in dochter ha. Mar, dy dochter sille jo net hâlde. Als hja 17 jier âld is, sille jo har wer forlieze moatte."
Doe't de koaning thús kaem, lei dêr de koaninginne in alderleafst lyts famke yn 'e earmen. De koaning en de koaninginne wisten har gjin rie fan blydskip en it famke groeide op ta ien fan 'e moaiste prinsessen fan 'e hiele wrâld.
Doe't hja lykwols omtrint 17 jier âld wie waerd de koaning hwat langer hwat tryster. Hy bigoun der ûnsjoch út to sjen en de prinsesse merkbiet dat tige skoan. Hja gong nei stêd ta en koft dêr twa pistoalen. Doe frege se har heit oft er mei woe to riden. De hynders waerden út 'e stâl helle en dêr rieden hja togearre nei de bosk ta.
Midden yn 'e bosk hâldde hja stil. Hja lange de koaning in pistoal oer en gebea him, hy moast har sizze, hwer't er sa treurich om wie. Sei er dat net, dan woe se mei him duellearje op libben en dea.
Doe forhelle de koaning har, dat hja op har 17e jier stjerre soe. Mar hja like de saek fan 'e lichte kant op to nimmen.
"Is is oars net?" sei se, "dêr sit ik net oer yn."
Mar hja siet der wol oer yn. Hja bigoun to kwinen en doe't se op har stjerbêd lei, liet se har heit witte, dat se noch ien winsk hie. As hja dea wie woe se yn 'e tsjerke byset wurde. Nou woe se graech, dat der trije nachten oanien by har lyk yn 'e tsjerke wekke waerd. De koaning ûnthiet har, hy soe dy winsk neikomme.
De prinsesse bleau mar inkelde dagen mear yn libben, doe wie it ôfroun. It hiele ryk wie yn 'e rouwe en hja waerd yn 'e tsjerke byset.
De koaning wie sa treurich, dat hy soe hast syn ûnthjit oan har forgetten ha. Mar doe ynienen kaem't him wer yn 't sin. Krekt stie der in bidler by de poarte fan 't paleis. Soe dy man net trije nachten by it lyk weitsje kinne?
De koaning rôp him en die syn forsyk. De bidler makke gjin biswieren, mits, hy moast de earste nacht 200 goune fortsjinje, hwant it wie dêr yn dy tsjerke net plús, dat wie algemien bikend. De koaning hie dat der wol foar oer.
Dy deis roun de bidler troch de bosk, dêr't de hekse wenne. Dy frege er om rie foar de nacht.
Hja sei: "Dû moast fannacht ûnder in bank lizzen gean, dan komt it wol goed."
Hy die lyk as it minske sein hie en hja hie in goeije rie jown, die bliken. Der wie in helsk lawaei yn it tsjerkegebou en der waerd alderheislikst slein en skopt tusken tolven en ienen, mar de bidler bleau lizzen dêr't er lei en hie der sadwaende net folle lêst fan.
De oare moarns, doe't er by de koaning forskynde, frege dy, oft er dêr noch wol in nacht weitsje woe. De bidler sei ek dit kear ta, mar foar dizze twade nacht easke er in bedrach fan 400 goune. De koaning hie dat der wol foar oer.
Dy deis roun de bidler wer troch de bosk, dêr't de hekse wenne. Dy frege er om rie foar de twade nacht. Hja sei:
"Dû moatst fannacht ûnder de preekstoel lizzen gean, dan komt it wol goed."
Hy die lyk as it minske sein hie en hja hie ek nou wer in goeije rie jown, die bliken. Hwant, hoewol it der nou noch folle botter oan wei gong as de earste kear, kaem hy der bihoarlik goed foar wei.
De tredde moarns frege de koaning him, oft er nou noch ien nacht yn 'e tsjerke weitsje woe. En ek dizze trêdde kear woe de bidler de koaning ter wille wêze, mar dan moast er 800 goune fortsjinje.
De koaning hie dat der wol foar oer.
Dy deis roun de bidler jitris troch de bosk, dêr 't de hekse wenne. Dy frege er om rie foar de trêdde nacht. Hja sei:
"Nou moatstû hinnegaen en postuer dy efter de sarkstien. Komt dan de koaningsdochter út it grêf, dan moatstû der yn krûpe en as hja der danwer yn wol, dan moatstû har foar de holle sjitte mei dit pistoal." En hja oerlange him it stik sjitark.
Ek nou die de bidler krekt, lyk as de hekse him hjitten hie. Hy postuerde him efter de sark en wachte stil op de slach fan tolve. Doe ynienen forriisde de koaningsdochter út it grêf. Fluch sprong de bidler der yn. Doe't hja der efkes letter wer yn woe, skeat er har.
Mar hja truzele net del. Hja wie wer sa libben as in hart en rôp:
"Dû bist myn forlosser. Dû der yn en ik der út."
En de sarkstien foel oer de bidler hinne yn it grêf. Sa krige de koaning syn dochter libben wer.

Onderwerp

AT 0307 - The Princess in the Shroud    AT 0307 - The Princess in the Shroud   

ATU 0307 - The Princess in the Coffin    ATU 0307 - The Princess in the Coffin   

Beschrijving

Het koningspaar is kinderloos. Als de koning zijn verdriet uitspreekt tegenover een heks, belooft zij hem een dochter, maar zij zal slechts 17 jaar leven. Het echtpaar is bijzonder verheugd met het dochtertje, maar de koning wordt steeds somberder naarmate de 17e verjaardag nadert. De prinses koopt twee vuurwapens en eist in het bos van haar vader een duel, tenzij hij vertelt waarom hij treurig is. Als hij uitlegt dat het meisje spoedig zal sterven, neemt zij dit licht op. Op haar sterfbed moet de koning beloven dat er drie nachten lang iemand zal waken bij haar graf in de kerk. De koning vraagt een bedelaar om de wake te houden; deze vraagt hiervoor wel telkens een hogere beloning. Onderweg naar de kerk krijgt de bedelaar van de heks steeds een advies. De eerste nacht moet hij onder de kerkbank gaan zitten. De tweede nacht moet hij onder de preekstoel gaan liggen. Beide nachten spookt het. De derde nacht moet hij in het graf kruipen zodra de prinses eruit gekomen is: hij moet haar door het hoofd schieten zodra ze weer in het graf wil. Het schot blijkt de prinses te onttoveren: ze is weer levend. Ze duwt de bedelaar in het graf en keert naar haar ouders terug.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954), p.232-233.

Commentaar

ca. 1953
Onder de knop Beeld een afbeelding van Anders Bijma.
The Princess in the Shroud

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20