Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE224 - Wêrom 't de bargen yn 'e modder wrotte

Een sprookje (boek), maandag 16 januari 1978

Hoofdtekst

Wêrom't de bargen yn 'e modder wrotte
It is al tiden lyn, dat dit ferhaal spilet. It wie yn july, midden yn 'e ûngetiid. In greidboer hie wol in man of seis, sân yn 't wurk en de boerinne hie se allegear op 'e kost. Op in dei wie it prachtich moai haaierswaar. Se hienen besteld, se soenen klokslach tolve ure yn'e tsjernharne wêze. Dan moasten se fansels in goed miel ha, want it wurk wie dreech.
De frou hie it neanend drok. Sa gong dat doe mei de boerinnen yn 'e haaiing, dy moasten oeral en nearne wêze. Se hienen dy deis brune beantsjes ite sillen. mar op in stuit kaam it har yn 't sin, ik ha de beantsjes net te weak set. En doe hoegde it net mear, se soe se noait mear op 'e tiid nôch krije kinne. Mar se wie byderhant. Se tocht, ik krij dy manlju wol sêd, ik bak in goed steal pankoeken.
Dêr wie se mei dwaande en it gong har aardich fan 'e hân. Mar fiif minuten foar tolven—se hie noch net earlik dien—doe seach se ta 't finster út. 'Och heden', sei se, 'dêr komme se allegear al oan! Ik sil noch ien bakke, en dat moat dan mar in hiele tsjokken wurde. Dy't de measte honger hat kin dy pankoek krije—dan bin 'k dêr ôf'. Dat se geat it lêste besleek yn 'e panne en dat soe dan in pankoek wurde, no fan omtrint in tomme tsjok. 'Ik krij him noch krekt nôch', sei se.
Njonkenlytsen, dy pankoek moast omkeard. En se waard wat senuweftich, wat hastich en rimpen, en doe mislearre har dat omkearen. De grouwe pankoek rekke by de panne del en kaam op 'e grûn te lâne. Soks kaam it minske oars noait oer en se sei gremitich—it ûntkaam har: 'Och, rin nei de duvel!' En se hie it net sein, of der kaam libben yn 'e pankoek en hy sette it op in tippeljen. Se skrok har in aap fansels. Dy pankoek sette sokken, hy fleach oer de drompel fan 'e tsjernharne en stiek moai hastich it hiem oer. En sy der efteroan, mar ho mar! Se koe him noait berinne.
Op it bjinstap stie de faam te amerhimmeljen en dy seach de fertoaning. Se tochte, wat is my dit hjir? En doe't de pankoek op har ta kaam, sprong se deabenaud fansiden en liet him stowe.
De pankoek rûn it hiele hiem ôf en kaam midden yn in team hinnen te lâne. Dy hinnen keakelen as gekken en stoden allegear fuort, ek deabenaud, want se hienen soks noch noait meimakke.
De pankoek wie omtrint al fan 't hiem ôf en doe, dêr by de homeie rûnen in pear bargen en dy seagen dat ek. It wienen roppige dingen en se hienen wol sin oan dy pankoek. Dat ien grouwe baarch sette der efteroan en dat helle er ek. Hy snapte de pankoek, sa yn 'e rin wei, en biet der in bêst stik út, de helte sawat. Mar de oare helte naaide ût.
En doe wie der in oare baarch, dy seach dat. Hy tocht, dan moat ik der ek wat fan ha! Dat hy efter de oare helte oan. Hy hie him omtrint te pakken, doe neach dy heale pankoek yn in djip gat.
De baarch wie him kwyt, en hy hie der sa'n sin oan. Hy besocht al om him der út te krijen, mar dy pankoek waard stadichoan fierder wei. De baarch tocht, dat rêd ik net. Dat hy rôp oan dy oare baarch: 'Do moast my helpe! Ik siet dy pankoek efternei, ik hie sa'n honger. Ik hie him hast en no is er hjir wei wurden yn 'e grûn!' Dat dy twa bargen dêr wakker oan 't dollen mei har snuten, om dy pankoek te krijen, mar dat rêden se net.
Se hienen al oan 'e jûn ta oan 't wrotten west, doe tochten se, der moat mar fersterking komme. Dat alle bargen—de boer hie in stik of seis—dêrmei te set, wrotte fan alle kanten. 'Hy kin ús net ûntkomme!'seinen se. En sy wrotten en sy wrotten, de snuten djip yn 'e grûn, mar se ha noait dy heale pankoek fûn. En sûnt dy tiid wrotte de bargen altyd yn 'e modder.

Onderwerp

AT 2025 - The Fleeing Pancake    AT 2025 - The Fleeing Pancake   

ATU 2025 - The Fleeing Pancake.    ATU 2025 - The Fleeing Pancake.   

Beschrijving

Een boerin maakt het eten klaar voor haar man en zijn personeel, die aan het hooien zijn. Ze is echter vergeten om de boontjes te laten weken, en besluit om dan maar pannekoeken te bakken. De mannen komen er al aan, ze moet zich haasten. Ze bakt nog één pannekoek, en dat wordt een extra grote, voor degene die de meeste honger heeft. Door de haast valt de pannekoek op de grond bij het omkeren. "Loop naar de duivel! " roept de boerin. Ze heeft het nauwelijks gezegd, of de pannekoek zet het op een lopen. De pannekoek komt tussen de varkens terecht, die er wel een hapje van lusten. Eén van de varkens bijt een groot stuk af. Een ander varken probeert de andere helft te pakken te krijgen, maar het stuk pannekoek valt in een diep gat in de grond. Alle varkens beginnen met hun snuiten te wroeten, op zoek naar de pannekoek, maar ze kunnen hem niet vinden. Sindsdien wroeten varkens altijd in de modder.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge, Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.235.

Commentaar

16 jan. 1978
The fleeing pancake

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20