Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE296 - No bliuwt der ek neat mear fan dy oer!

Een mop (boek), woensdag 24 november 1976

Hoofdtekst

No bliuwt der ek neat mear fan dy oer!
Der wie ris in âldfeint, dy koe noait in faam krije en hy woe doch minlike graach trouwe. Wat der oan him mankearde, wit ik net, mar hy rûn oeral blau. Lykwols, op 't lêst krige er doch kunde oan in faam, dat like der wol op. Hy biet ta en hja biet ta en se rekken tegearre nei it gemeentehûs.
Doe wienen se dan troud. Mar de jûnes by it op bêd gean seach er raar op. Earst naam se der in each út, it wie in glêzen, en dat lei se op it bedsbuordsje. Doe die se it gebit út 'e mûle en dat lei se der njonken yn in pântsje. Dêrnei draaide se der in earm ôf en dy lei se njonken it bêd. Mar doe't se der ek noch in skonk útdraaide, doe stie it skriemen him neier as it laitsjen. Hy rôp: 'Och hearink, no bliuwt der ek neat mear fan dy oer!'

Onderwerp

AT 1379* - False Members    AT 1379* - False Members   

ATU 1379* - False Members.    ATU 1379* - False Members.   

Beschrijving

Een oude vrijgezel heeft eindelijk, na lang zoeken, een vrouw gevonden. Als de huwelijksnacht is aangebroken, haalt ze één voor een allerlei protheses van haar lichaam af. De man roept verschrikt: "Er blijft niets meer van je over!"

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.

Commentaar

24 november 1976
False Members

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20