Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE301 - Belroas

Een mop (boek), dinsdag 02 november 1971

Hoofdtekst

Belroas
Der wenne in widdofrou mei twa of trije dochters, dat wit ik net sa krekt. De iene dochter hie in tige min gesicht en dêrtroch koe se noait gjin ferkearing hâlde. Op in kear soe der in feint komme en dêr woe se net foar wêze, dat se sa min sjen koe. Doe sei de iene suster tsjin har: 'No sil ik dêr in spjelde hinnelizze en dan moatst tsjin my sizze: Hea, dêr leit in spjelde, en dy moatst der efkes wei krije'.
De feint kaam de sneintejûnes en se die sa't har suster sein hie. Dat gong ek goed, want se wist sekuer, wêr't de spjelde lei. De feint hie al ris wat heard oer de faam har minne eagen, mar no tocht er, it falt leau 'k wat ta.
Hawar, de feint kaam de oare sneintejûnes wer en it waard fêste ferkearing; it duorre mar oan en mar wei.
Op in kear bleau de feint wei. It hiet, dat er wat siik wie, mar hy hie der njonkenlytsen erch yn krige, dat de faam hast neat seach. De feint wenne yn in opkeammerke. Doe kaam de faam dêrlâns yn 't behâld fan har suster. 'Hjir wennet er!' sei dy. De faam rôp oan him en de feint kaam foar 't glês om te sizzen, dat er siik wie. Mar wat er te dwaan hie: hy stroep de broek fan 't gat en kaam mei it bleate efiergesicht foar't glês.
'Oh!'sei de faam,'ik sjoch it al: belroas!'

Onderwerp

AT 1456 - The Blind Fiancée    AT 1456 - The Blind Fiancée   

ATU 1456 - The Blind Fiancée.    ATU 1456 - The Blind Fiancée.   

Beschrijving

Een meisje zag erg slecht en kon maar geen man krijgen. Toen heeft ze een jongen misleid over haar gezichtsvermogen en zijn ze getrouwd. Uiteindelijk komt haar man er toch achter.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.312-313

Commentaar

2 november 1971
The Blind Fiancée

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20