Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE311 - De trije poepen mei in nuvere oanwenst

Een mop (boek), maandag 16 oktober 1978

Hoofdtekst

De trije poepen mei in nuvere oanwenst
Der wienen ris trije poepen, dy wienen ûnderweis nei Fryslân om te meanen of te ûngetiidzjen. Alle trije hienen se in nuvere oanwenst. De iene klaude altyd op 'e holle om, de twadde skobbe altyd en de tredde makke hyltyd de meneuvels, dat er him de noasdrip ûnder de noastergatten wei striek. Dat wienen rare oanwensten, ornearren se sels, en se moasten sjen, dat se dy kwyt rekken. Se praten ôf, dat se der mei ophâlde soenen, en wa't it earst wer yn syn âlde fout ferfoel, dy moast ien of twa pennings betelje.
Doe kamen se oan in wetter en dêr moasten se oerset wurde. En doe earst, dy man dy't altyd op 'e holle klaude dy raasde nei de fjerman oan'e oare kant: 'Héééé! Hé-é!' En tagelyk die er in haal troch it hier. De oaren hienen dat wol merkbiten, mar om der goed kapsje op te meitsjen, dêr hienen se te min wissichheid foar.
Doe kaam de man fan 't oerhaal en se stapten yn it boatsje, alle trije. Dyselde dy't jokte hie en altyd skobbe kaam mei de rêch tsjin it bankje te sitten. Hy waard fleurich en hy song fan: 'Bootjevaren, over de baren!' En elke kear as er song, dan gong de rêch mei in fikse skobber by it bankje lâns. No, dy beide oare poepen hienen wol wer yn 'e rekken, dat it eigentlik net doogde, mar se koenen der ek net safolle fan sizze.
Doe kamen se mei har trijen oan'e oare wâl en op dat stuit seach de man dy't de noasdrip altyd hinge syn kâns. Hy frege: 'Moatte wy no diskant út of dy kant?' En mei die er twa fegen ûnder'e noas troch. Dêr koenen de oare beide poepen ek al net folle fan sizze.

Onderwerp

AT 1565 - Agreement Not to Scratch    AT 1565 - Agreement Not to Scratch   

ATU 1565 - Agreement Not to Scratch.    ATU 1565 - Agreement Not to Scratch.   

Beschrijving

Drie mannen hebben ieder een onhebbelijkheid. Ze besluiten dat ze het opgeven en de eerste die het toch doet moet betalen. Ze vinden ieder echter een manier om toch te doen wat ze willen zonder dat er echt iets van gezegd kan worden.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.324

Commentaar

16 oktober 1978
Agreement Not to Scratch

Naam Overig in Tekst

Duitser    Duitser   

Naam Locatie in Tekst

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20