Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038503

Een sage (mondeling), zondag 02 juni 1968

Hoofdtekst

Hwat ik nou fortel gebeurde de kant út fan Earnewâld. It sil sa 'n tachtich jier lyn wêze. Myn heit (Megiel) en noch ien wienen yn in pream. Sy moesten it ien of oar ophelje. Of it nou stien wie of turf fan Beets, dat wyt ik net. 't Wie yn 'e nacht, en sy farden yn 't goede farwetter. Sy koenen it paed goed. Doe gebeurde it dat se samar yn hiele lytse nauwe sleatsjes en yn slinken rekken en wylst se dêr yn wienen mienden se hyltyd noch dat se 't goeije paed hienen. Sy farden rjocht op 'n arkje yn, dat sinkende wie. Sy wienen krekt op'e tiid. Sy ha dy minsken dêr ret. Sy leinen op bêd en wienen sûnder heit en dy fêst fordronken. De oare deis by ljocht seagen heit en dy dat it ûnmooglik west hie om dêr to kommen. Hwat wûnder hie har dêr brocht? hat heit him letter faek ôffrege. Wienen sa dêrhinne tild?

Beschrijving

Tachtig jaar geleden voeren de vader van de vertelster en nog iemand met een boot. Ze moesten iets ophalen. Hoewel het nacht was voeren ze naar hun gevoel goed, want ze kenden de weg goed. Toch kwamen ze opeens terecht in nauwe slootjes. Ze voeren recht op een zinkende woonark af. Ze waren nog net op tijd om de bewoners te redden, die anders zouden zijn verdronken. De volgende dag, toen het licht was, zagen ze dat het onmogelijk was om bij de ark te komen. Later heeft de vader zich vaak afgevraagd wat hen bij de woonark gebracht heeft, en of ze erheen zijn getild.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 385, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juni 1968

Naam Overig in Tekst

Megiel van der Zee    Megiel van der Zee   

Naam Locatie in Tekst

Earnewâld    Earnewâld   

Eernewoude    Eernewoude   

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21