Hoofdtekst
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen.
As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke.
Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren west hie, bigounen hja der oer to tinken. Hoe wist dat minske altyd hwa't der jouns by harren yn 'e hûs sieten?
Op in jountiid hienen se wer praters by Gosse.
Doe moest Gosse der even út to pisjen. Doe siet de kat op 'e strjitte en struts him om 'e fuotten hinne. "Dû smoarge kat, dû bist hjir altyd yn 't finsterbank en nou stiest my hjir om 'e fuotten to striken. 'k Sil mei dy ôfweve!"
En hy joech de kat in traep.
De oare deis lei Kei Sytses syn wiif mei in blauwe holle op bêd. (Dy hie har yn in kat foroare)

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   
Beschrijving
Een vrouw wist een buurman altijd te vertellen wat er gezegd was als hij een avond bezoek had gehad. Toen de man op een avond een zwarte kat bij zijn huis zag zitten, snapte hij hoe dat kon. Hij gaf het dier een trap. De volgende dag lag de vrouw met een blauw hoofd op bed.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 450, verhaal 9
Commentaar
10 augustus 1968
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
Naam Overig in Tekst
Kei Sytses   
Fenen   
Gosse   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâlden   
Veenwouden   
Venen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21