Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

Het handschrift van Jaarsma

Jaarsma2formKl.jpg

Het handschrift van Jaarsma: zo stuurde hij de verhalen in naar het Meertens Instituut. Dit is het verhaal van de bedelaar en de kapitein. KLIK op de foto voor het hele verhaal en de contextgegevens.

Nyega B97                              B65.50

G. Kobus-v.d. Zee.

1. Op 'e brêge yn Amsterdam stie altyd in man mei in buske. It wie in earme bidler. "Denk aan de arme man" stie der op it buske. De bidler krige fan dizze en jinge in kleinichheit. Mar der wie in kaptein, sa faek as dy de bidler foarbykaem, smiet er in grou kwartsje yn it buske. Dat hied er al jierren dien.
Mar doe op in kear, doe kom dy kaptein wer foarby en doe roan er troch, sûnder hwat yn it buske to smiten.
En doe't er werom kom, krige de bidler wer neat.
Doe sei de bidler tsjin 'e kaptein: Ik mat us mei jo prate. Hoe komt it sa, dat jo neat mear yn it buske dogge?
Doe sei de skipper: Myn skip is forgong op sé, dat ik haw net in sint mear. Ik kin jo neat jaen.
Doe sei de bidler: Kom fan 'e middei us oan my ta. Ik wenje op dat en dat adres yn dy en dy strjitte. Dan sille wy togearre us oer jou gefal prate.
De middeis gong de kaptein dêrhinne. Mar hy tochte, dat er forbjustere wie, hwant it wie in hiele foarname strjitte en in deftich hûs, dêr't er oanbelle.
Mar hy wie wol to plak, hwant de bidler kom sels by de doar. Dy hie nou moaije klean oan, dat de kaptein koe him der hast net fan.
De bidler sei: Ik kin jo net in nij skip jaen, mar ik stean goed foar in nij skip. Dat jo kinne mar ien keapje. Mar jo matte dat skip fuortdaliks forsekerje litte. As it dan nòch ris in kear forgiet, kinne jo der in nij foar krije.
Sa woarde dus it goeddwaen leane.